Untstean fan Easterein

Untstean fan Easterein
©: onbekend

Untstean fan Easterein

It doarpsgebiet fan Easterein is it meast súdwestlikst diel fan in grut gebiet dat eartiids mei hûnderten terpen bedutsen wie.

Dizze terpen binne ûntstien, neidat minsken fan hegere lannen sa as Drinte, nei de droech rekke kwelder gebieten ferhuzen, mar dêr al gau konfrontearre waarden mei de útwreiding fan de see oer it lân, trochdat de seespegel omheech kaam. Op dizze terpen hawwe famyljes harren ta wenjen set. En om elkoar te herkennen krigen dizze terpen in namme. Oan it ein fan de namme koe men de ferskillende groepen ûnderskiede, begelyks einigjend op ns: Itens, Stittens, Littens, of um: Spannum, Lollum, Arum, of erd: Hartwerd, Burgwerd, Kimswerd, of aard: Hidaard, Hennaard, of  wierum: Oosterwierum, Lutke-wierum.

Inkele fan dizze terpnammen binne troch de tsjerkestifting letter ta strjitte, doarps- of stêdsnammen neamd.

De namme Oosterend is lykwols sa net ûntstien. Dit komt omdat de tsjerke hjir net op in terp boud is mar op in opsmiten stik grûn dat men út 'e grêft helle hat dy't om 'e tsjerke leit.

Ut it feit dat we op Texel en Skylge ek de namme Oosterend tsjinkomme, meie we der fan út gean dat der nei it ynpolderjen fan de omkriten fan Easterein, in eilân ûntstien is en dat de tsjerke wierskynlik boud is op it meast eastlike diel fan dit eilân. Fandêr Easterein.

Easterein hat ien fan de grutste doarpstsjerken fan Fryslän. Dit komt omdat Westergoa yn 'e iere midsiuwen ien fan de tichtbefolke gebieten west hat fan West-Europa en dêrby de tsjerke in protte grûn taskikt krige.Neffens ynformaasje út it "Register van den Aanbreng" (1511) stiene der by de tsjerke mar inkele huzen dy't foar it grutste part bewenne waarden troch geastliken en foarname middenstanders.

De middenstân dy't we anno 1511 oantreffe binne in kastlein "tapper" en in kleanmakker. De oare middenstanders wennen yn `e stêden en ferienigen harren dêr yn de saneamde gilden. Yn 'e earste helte fan de 16e ieu kamen hjir ek oare middenstanders te wenjen, dit o sa tsjin 't sin fan de gilden.

De earste dy't we tsjinkomme is in smid. Neffens gegevens út 1749 komt men de folgjende beroppen tsjin:

1 tapper, 2 kûpers, 1 smit, 1 slachter (vleeshouwer), 2 wevers, 2 timmerlju, 1 kleanmakker, 1 bakker, 3 skuonmakkers, 2 skippers, 2 marketensters en 2 kreamkers. Fierders wennen der noch in dûmny, in skoalmaster, in stikmannich arbeiders en earmlestigen.

Hjirút kinne we opmeitsje dat Easterein in sintrum funksje krigen hie. Sa'n 200 jier lang (1749-1949) kaam hjir eins gjin feroaring yn. De tsjerke hâldt har tsjerklike en maatskiplike funksje. It is bekend dat der dêrnei in protte feroare is.

Yn 1949 naam de Nederlânske Steat de maatskiplike taak oer fan de tsjerke oant hjoed de dei ta.

Fanút it ferline stappe we oer nei it Easterein fan no. Der is uterlik in protte feroare. Nei de oarlochsjierren fan 1940-1945 is der hast in doarp byboud.

Fan 1982 oant 1984 is it doarp yn it ramt fan in jongeren-projekt alhiel renovearre. 17 jonge minsken hawwe 2 jier lang únder begelieding hjir wurke. Dit projekt hie tagelyk as doel dat dizze minsken harren ''omschole" lieten en dêrby fuort en daliks in moai stikje praktyk op dwaan koene.

Easterein krige doe ek it stimpel fan "beskerme doarpsgesicht", dit hâldt yn dat men binnen dy kearn net samar wat feroarje mei, benammen oan it uterlik fan de wenningen.

Der is yn twa jier hiel wat bard. It doarp krige tagelyk syn djipriolering. Sadwaande binne alle strjitten derút west en foar it grutste part mei prachtige sier bestrjitting wer belein. Fearten binne útbaggere en fan nije wâlbeskoeiïng foarsjoen.

Colofon

"Ald en nij nijs fan Easterein" útjûn  troch Doarpsbelang "Hâld Faesje" maart 1994

Printe troch Van der Eems Easterein

© Tekst: Dorpsbelang © Foto voorblad: onbekend

Relatearre ynformaasje


FinstersDokuminten