Wolkom yn Easterein

Wolkom yn Easterein

Wolkom op it doarpsargyf fan Easterein. Graach nimme we jo mei yn de rike skiednis fan us doarp. Fan fier ferline oan't de dei fan hjoed. Mei tekst en byld fertelle we oer it doarps- en ferieningslibben, oer de ekonomy, de minsken, de strjitten, gebouen en de omkriten. Elke dei bouwe we fierder oan dizze skiednis en sa giet it ferhaal fan Easterein troch nei de generaasje fan moarn.

Hoe wurket it

Kies fanút it haadmenu op jo ynteresse en dûk dan fierder yn it oersjoch. Sa komme jo bij alle finsters dy't wij al makke ha. Hjirûnder stean ek al in pear. Iepenje mar ris ien en scroll mar troch oan't en mei de foto's 

Voor de nederlandstalige versie klikt u rechtsboven op het icoontje met de nederlandse vlag.

Nijs:


Utljochte finsters

Pleatsen om Reahus hinne
Yn it boek " Easterein " hat F.K. Reitsma de skiednis fan in tal pleatsen ûnder Reahús beskreaun. Guon dêrfan binne of wiene fan âlds yn eigendom by de tsjerke fan Easterein. Oan it taheakke finster kinne jo it dokumint iepenje mei it ferhaal fan Reitsma.

It Buertskip Roodhuis (no Reahus) is ûntstien op it grûngebiet fan Easterein. De doarpen Easterein, Itens, Hidaard en Lutkewierrum leine oarspronklik op in eilân. Oerstallich wetter fan it eilân waard ûnder oare lost by Sânleanstersyl; Yn de 12e iuw slibbe de Middelsee stadichoan ticht. Roodhuis ûntstie oan de Slachtedyk, de âlde seewarring fan it Middelseegebiet. Pas yn 1955 waard oan Roodhuis offisjeel de doarpsstatus takend.

It ûntstean fan Roodhuis (no Reahus) hinget ek nau gear mei de Reformaasje yn de sechtsjende iuw, wêrby 't de Protestanten it roer oernamen fan de Katholiken.
De Katoliken waarden letterlik de tsjerke útset en ek alle besit gie nei de Protestanten.
Yn 1580 mocht pastoar Dominicus net mear foargean yn de tsjerke fan Easterein.
Hy krige in lyts pensjoen en sette ôf nei de Pôlle by Sânlean, dêr 't in pear pleatsen stienen dêr 't er stikem mei preken trochgie.
Lang net elkenien woe protestant wurde en de tsjerke dûkte ûnder. 

Op de pleats Slippens (de earste skûltsjerke) en letter yn it Blauwe Huys van Bongastate (de twadde skûltsjerke) waarden yllegale tsjerketsjinsten hâlden troch minsken dy 't trou bleaune oan it roomske leauwen.
Fanwegen it isolemint en omdat it net opfoel waard dit eachlûkend talitten.
Yn 1709 kaam kapelaan Cramers út it hûs wei mei it blauwe dak (= Bongastate) dêr 't destiids de katolike Eastereiners byinoar kamen en gie nei de Oude Pôlle by Sânlean. Dêr waard de tredde skûltsjerke boud mei in read dak om dúdlik te meitsjen dat it ôfrûn wie mei de tsjinsten yn it Blauwe hûs.
Ignatius Crames of eins Franciscus wurdt dêrom beskôge as de stichter fan Roodhuis.
Yn 1762 waard de fjirde skûltsjerke boud troch pastoar van Rijswijk, yn 1850 waard dizze tsjerke ferboud. Yn de rin fan de jierren kamen der ek huzen by.

Dêrnei groeide de buorskip mei in nije pastorij, in tsjerkhôf en de nije Sint-Martinustsjerke (ûnder lieding fan pastoar ten Bokum ). Dêrnei kaam de St Bonifaciusskoalle derby (1922 ). Omdat it buorskip ûnder Easterein hieltyd fierder groeide en offisjeus wol, mar offisjeel net bestie waard op 27 augustus 1954 troch de gemeenteried besletten dat Roodhuis in doarp wurde moast.
Om dat beslút út te fieren hat it kolleezje fan B en W dêrnei fêststeld, dat Roodhuis mei yngong fan 2 maaie 1955 de doarpsstatus krijt.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Roodhuis diel út fan de gemeente Hennaarderadeel, dat doe mei de gemeente Baarderadiel opgie yn de doe nije gemeente Littenseradiel. Sûnt 1991 is de offisjele namme it Frysktalige Reahûs.
Sûnt 2018 leit it doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Sandstra  

De famylje Sandstra wennet al generaasje lang yn Easterein. Doe ’t yn 1811 de registraasje fan de famyljenamme ynfierd waard, hawwe in tal harren ynskriuwe litten mei in Z en in pear oaren mei in S. De ôfstamming is fan de selde foarfaar en mem. By it útsykjen fan de famylje bin ik in pear bysûndere saken tsjinkaam. De stamheit en mem komme oarspronklik fan Gau.

Der binne meardere Sandstra famyljes yn Easterein kommen te wenjen. En hja hiene deselde foarnammen. Ien fan de famyljes fersoarge it ferfier mei de stoomboat.

 1. Douwe Sjuks (1740 - 1804) troud mei Klaere Doedes (1739 - 1809) It earste bern wurdt yn Easterein berne, Hinke yn * 1767. De lettere bern, allegearre soannen, wurde berne yn Gau. Klaes * 1772, Sjuk * 1774, Jelle * 1775, Dirk * 1777. It falt op dat Hinke yn Easterein berne is. De reden is net te achterheljen. Der sit ek in soad tiid tusken de berte fan it earste en it twadde bern. It kin wêze dat Hinke foar it houlik berne is.

 2. Sjuk Douwes Sandstra (1774 -1847) troud yn 1798 mei Froukjen Jacobs Deinema (1770 - 1855) Yn dizze perioade hat it fêstlizzen fan de famyljenamme plak fûn. Yn de aktes stiet te lêzen dat Froukjen fan Deinum komt. En fandêr de achternamme Deinema. Se krije seis bern. Twa derfan, Douwe en Jacob, fêstigje harren as skuonmakker yn Easterein.

 3. Douwe Sjuks Sandstra (* 1799) troud yn 1822 mei Minke Jacobs Sieperda (* 1798) Se krije njoggen bern. En Minke hie foar har houlik ek al in soan krigen. Spitigernôch waard dy mar 30 dagen âld. Yn har houlik stjerre der ek 4 bern. Se hawwe fjouwer Froukjes krigen, der binne 3 Froukjes fan ferstoarn. Minke is 46 jier as har lêste bern berne wurdt. Mei de saken giet it bêst goed. Douwe keapet yn 1822 fan Aurelius de Gavere in hûzinge mei hiem foar fl. 1050, - Hy is skuonmakker fan berop. Opmerklik feit út akten: Douwe is tsjûge by in testamint kwestje fan in tsjinstfaam. Hy stiet neamd as skuonmakker, de oaren binne rintenier, wewer, kleanmakker en ferver. It giet om in situaasje dy 't yn de middenstân-klasse ôfhannele wurdt.

 4. Sjuk Douwes Sandstra (* 1833 -1923) troud 1862 mei Trijntje Walsweer (* 1836 -1914) Ek sy krije in grutte húshâlding, der wurde acht bern berne. Minke * 1863, Minke * 1866, Douwe * 1865, Thomas * 1868, Jacob * 1870, Hessel * 1872, Grietje * 1873, Japke * 1876. De húshâlding wennet op Elbe. Yn it wenhûs (blok) wennen fjouwer húshâldingen. It moat in folle boel west ha. Anno 2023 wurdt it hûs bewenne troch Titus en Rigt Bergsma.

 5. Thomas Sjuks Sandstra (* 1865 - 1954) troud yn 1896 mei Jeltje Kamstra (* 1872 - 1949) Se krije fjouwer bern, Grietje * 1896, Sjuk * 1898, Jelle 1902 en Jacob 1908. Thomas stiet te boek as boere-arbeider. Se komme te wenjen op de Streek 2. Dêr begjint it ferfierbedriuw. Se hawwe by harren wenning in stiennen skuorke dêr 't it hynder yn stald wurdt. Thomas begjint mei ferfier fan feefoer. { _ 65704 left 200px_ } Ek naam der guod mei dy't minsken nedich wienen. Lapkes stof, of kloskes jêrn.

 6. Sjuk Thomas Sandstra (1898 -1966) troud yn 1926 mei Trijntje Dijkstra (1893 - 1980) Hy keapet yn 1928 it hûs op it Skilplein 19 foar fl. 2100, - en de rest op hypoteek by Hendrik Huges te Snits. Sjuk is frachtrider en molkfarder. Harren twa soannen Thomas (* 1927 - 1984) en Germ (* 1929) komme al gau yn it bedriuw.

 7. Thomas Sandstra (Tom) (* 1927 -1984) troud mei Janke Sieperda (* 1927 - 1991) Sy kamen te wenjen yn it hûs op it Skilplein 19 en sette it bedriuw troch. Broer Germ wurke oant 1960 mei yn it bedriuw. Mar gie nei Amsterdam. Tom en Janke krije fiif bern. Jannie, Siep, Bauke, Germ en Catharinus. Meardere bern bliuwe yn de transportwrâld. Siep yn Wommels, Bauke yn Easterein en Catharinus hat sûnt 1996 in bedriuw yn Hartwert, no yn Boalsert.

8. Bauke Sandstra Easterein (* 1957) troud mei Elisabeth Regina Huitema (Lies) (* 1959 ). Bauke is yn 1998 mei syn transportbedriuw en donghannel útein set op it Skrok 2 A. Se ha trije bern. Soan Germ wurket yntusken mei yn it transportbedriuw.