Untstean fan Easterein

Untstean fan Easterein
©:

Easterein is seker gjin terpdoarp.
Dan hie it doarp wol in terpnamme krigen, eventueel ferbûn oan in aadlike famylje, lykas by de omlizzende doarpen.
Dochs is it wol hiel bysûnder, dat in doarp midden yn in terpegebiet de namme Easterein krijt, en dêrnei ek nochris jierrenlang de " skepter " swaait oer de omlizzende doarpen.
En dochs past sa ’n gegeven naadleas by in doarp as Easterein; want de ‘ eilântsjerke ’ stie hjir ommers.
It doarp stie bekend as “ swier op ’e hân ”, en konservatyf.
Mar yn in soad wrâldske fernijingen troch de tiid wie it dochs moai ien fan de earste doarpen dy 't dêr gebrûk fan makke.
De nammejouwing fan Easterein jout dúdlik oan dat it in ein is fan “ eat ”, en net fan in ûnbeheind gebiet.
As men praat oer einen mei in wynreek yn de namme, dan is in kombinaasje mei wetter hast altyd oanwêzich.
Wetter yn Fryslân wurdt ek wol Ie neamd.
Yn guon argiven is yndie sprake fan Jisterjend, de ein fan in wetter.
Nei it ûntstean fan it eilân Westeraeche (Westergo) is der sprake fan wetter om de polder fan Easterein hinne.
Yn de kronyk fan it kleaster Lidlum wurdt dit wetter oantsjut mei de namme: Aestersee.
In see yn it easten, hoe logysk is it dat de ein hjirfan Easter neamd wurdt.
Letter wurdt der yn in oare kronyk praat oer Easterein, mar men skriuwt Aesteresee.
Ast út Boalsert wei, fia Grauwekat, rjochting easten farre, en by de súdhoeke (Súdhoeke) links ôfslachst, komst op de Ooster-ee út, in dearinnend stik farwetter.
Oan dyn rjochterhân leit dan Oosterend.
Nei alle gedachten binne ek de stiennen foar de lettere tufstiennen tsjerke hjir lâns oanfierd.
Yn alle gefallen waard it wetter brûkt om de hannel mei Boalsert, en nei alle gedachten ek mei Snits te ûnderhâlden.
It ferfier oer wetter wie yn de midsiuwen nammentlik gebrûklik.
Nei de 12e iuw slike it wetter hieltyd mear ticht, en waard it hielendal ûnbefarber.
Lang dêrnei hawwe noch de saneamde moerasgrûnen (Rietlanden) lein tusken Wommels en Easterein.
No 't it wetter net mear brûkt waard as ferfiersmiddel, gie de measte hannel fia it Skrok en oer de besteande diken (Alddyk ).
Ien fan de earste offisjele stikken, wêryn 't Easterein as doarp neamd wurdt, is de âldste tsjerkelist fan Westergo yn Tsjummearum 1270.
Dat betsjut dat it in plak wie dêr 't wat fan wearde stie.
Hjirút meist konkludearje dat it doarp Easterein sa 'n 150 - 250 jier earder ûntstien is.

Colofon

Foto fan âlde tekening út it boek 

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s