Van Eysingaleane 27

Van Eysingaleane 27
©: Jetske Santema

De pleats op de Van Eysingaleane nûmer 27 falt noch ûnder Easterein. Dêrnei giet de strjitte oer yn de Van Sminialeane, en falle de adressen ûnder Wommels.

De pleats is boud yn 1904 troch Tjeerd Hingst. Dizze is troud mei Nieske Pieters Hiemstra. Se hawwe dit dien foar harren soan,.Jentje Hingst.


Foar Eastereinders: Jentje is de pake fan master Philippus Hingst. Syn heit is op dizze pleats berne yn 1905. Jentje Hingst wie in natuerman, hâlde fan jeien, fan fisken en fan fûgels. Dat sit dus yn genen, want ek Master Hingst is altyd dwaande mei it waar en de natuer, en hat oan in hiel soad bern de leafde foar de natuer oerdroegen.
De perioade dat Jentje op de pleats wenne hat net lang duorre. Hy ferkocht it oan Nanne Stienstra. Hy wurdt opfolge troch Tiede Hylkema oant de Baarda's op de pleats kamen. Ea hat sprake west fan de oanlis fan in spoarline lâns de pleats.
Dat is net bard. Wol is der in fytspaad oanlein lâns de " Wommelserdyk ", wêrfan 't tracé  troch in part fan de eardere foartún fan de pleats rint.

Aardich om hjir te neamen: Foarfaar Eelke Baarda (* 1836 yn Abbegea) troude mei Durkjen Ypma (* 1843 te Easterlittens) yn 1883 op de leeftyd fan 47 en 40 jier.  Se krigen twa soannen, Cornelis (* 1883) en Hessel (* 1884 ).
Sa sjochst de ferbining tusken de famyljes Baarda, Hylkema en Ypma en komst yn dizze famyljes deselde foarnammen tsjin.

Bewenners:

1. 1904: Jentje Hingst (* 1878 te Oosterend) troud yn 1900 mei Dirkje Schuurmans (* 1873) Se krije 5 bern dêr 't de earste, Tjeerd, mar 13 dagen âld fan wurdt.
De namme Phillippus komt fan de Schuurmans famylje.
Se reizgje yn 1906 ôf nei Hidaard om dêr winkelman te wurden.


2. 1906: Nanne Stienstra (* 1884 te Skillaard) troud yn 1911 mei Trijntje Wassenaar (* 1887 te Huins) Hja krije twa dochters.

3. Tiede Hylkema (* 1887) Hy is net troud en buorket hjir oant 1943. Dêrnei bliuwt de pleats yn de famylje. Jantje de dochter fan syn broer Sjouke Hylkema troud mei Jantje Vellinga nimt it bedriuw oer.


4. 1943: Eelke Baarda (* 1910 te Sibrandabuorren) troud yn 1933 mei Jantje Hylkema (* 1913 te Easterein) De pleats bliuwt yn de famylje, fan de frou har kant.
Yn de trouakte stiet dat er yn Easterein wenne. Nei alle gedachten buorke er mei syn mem op de Gavere pleats oan de Wynserdyk. Syn heit wie al ferstoarn doe 't se trouden yn 1933. Fan 1927 ôf buorken se op de Gavere pleats.
Harren soan Cornelis folget harren op.


5. 1960: Cornelis (Cees) Baarda (* 1934) troud mei Ynskje (Ine) Walinga (* 1939) Ek sy krigen in soan dy 't Eelke hiet. Mar harren soan Gerke hat de pleats oernaam.


6. 1995: Gerke Baarda (* 1969) troud mei Foekje Hylkema (* 1972 ).
Sy bouwe in lisboksstâl by de pleats. Letter emigrearje se nei Kanada

7. Om 2000 hinne keapet Rinse Strikwerda de pleats. Soan fan bakker Johannes Strikwerda fan Easterein. Rinse is eigener fan in ICT bedriuw. Hy bout der noch in grutte lisboksstâl by. It bedriuw makket ûnderdiel út fan in grutter gehiel, wêrby 't it melkfee yn Wytmarsum ûnderbrocht is. Op it bedriuw oan de v.Eysingaleane komt in bedriuwslieder te wenjen.


8. Maatskip Kuiper (Hindrik en Teakje en de soannen Hendrik en Meile) keapet de pleats ta útwreiding fan it besteande melkfeehâlderijbedriuw oan de Sjaardaleane 19.
Soan Hendrik Kuiper (berne te Easterein) troud yn 2023 mei Hilde Bosma fan Wommels komme op de pleats oan de fan Eysingaleane te wenjen.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s