Van Eysingaleane 23

Van Eysingaleane 23
©: Jetske Santema

De Pastorij pleats 

De pleats is boud yn 1935. Yn it boek fan Easterein kinne je lêze dat der earst in Boschma en letter in Hooghiemstra buorke hawwe. Se binne net ôfkomstich út Easterein en fiele har hjir net op it goede plak en gean nei in pear jier fuort. De gebouwen fan de pleats binne yn eigendom en it lân wurdt hierd.
1. 1935: Boschma

 2. Hooghiemstra

3. Wiebe Stoffelsma (1921) troud yn 1943 mei Jantje Groustra (1923). Hja ferhúzje letter nei Reahûs, op de pleats dêr 't earder de heit fan Wiebe buorke. ( Stoffel Stoffelsma * 1891) Dizze pleats is yn eigendom fan de Herfoarme Tsjerke fan Easerein.

4. Jan Schukken

5. Jelle Cnossen (* 1917 yn Gau) troud yn 1943 mei Trijntje Sjaarda (* 1922 te Easterein) Trijntje komt út in âlde Eastereinder famylje.

6. Sibbele Brandsma; Hy hat de pleats (foar in part) ferboud. Dermei is it in wenbuorkerij wurden. Dit wie ein jierren 1970. Brandsma wie merkkeapman, hy ferkocht û.o. fournituren en stie ek bekind as Sibbele knoop.

7. Ynse Jorritsma (* 1950) mei Froukje. Sy hawwe hjir wenne fanôf begjin jierren 1980. Yn it bedriuwspart wurdt in fakânsjeappartemint boud

8. 2000: Hendricus D. Tacoma troud yn 1998 mei Brecht Langhout (1975 ).
Hendrikus en Brecht renovearje de pleats. Sawol it wendiel as it dak. Yn 2014 ferhúzje sy nei Wommels.

9. 2014: Van der Woude en Annet Harmsen binne de hjoeddeistige bewenners

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s