Skrok 9

Skrok 9
©: Sjoerd Spoelstra

Roordema

Yn it boek Easterein wurdt de pleats Roordema neamd, datearjend út it jier 1501. De pleats is ôfbrutsen. Fan de restanten binne noch wat foto's (makke yn 1995 ). De natuer hat it plak oernaam. 
Wat hjoed-de-dei noch rest (2023) binne in oantal beammen om de perseelskavel hinne.
Ut de gegevens fan it buorkerijboek fan D.J. v.d. Meer, de stimkohieren, docht bliken dat it lângebrûk mear as ien kear wiksele tusken de pleats Sion, en de pleats Schrock (1511) Ek komt de namme fan Jouw Roorda foar as mei-eigener, tegearre mei de Pastoor Goffa. De hierder is dan Renick Syons.
It is oan te nimmen dat de namme Roordema ôfkomstich is fan de eigener út 1511.

1832: Thomas Jacobs Slippens (* 1793) troud yn 1815 mei Geertje Jans Bakker (* 1791) eigener brûker.
Harren soan Jacob Thomas komt yn 1844 op de leeftiid fan 26 jier te overlijden.

1860: Jelle Thomas Slippens (* 1821 yn Wommels) troud yn 1855 mei Gerbrig Wopkes de Gavere (* 1827 te Easterein op de Gavere boederij op de Wynserdyk)

1882: Sjouke Plantinga (* 1854 yn Wommels) troud yn 1879 mei Aukje Scheltus Hylarides.
Se reizgje yn 1891 ôf nei in pleats fan de tsjerke op Hoekens.

Dêrnei beheart Rienk Ates Sybrandy de pleats. Nei alle gedachten hat syn arbeider H. Algra deryn wenne. Dy hie trije soannen wêrfan 't de âldste, Hendrik Algra, bekendheid krige as politikus by de Anti Revoilutionaire Partij en as haadredakteur fan it Friesch Dagblad.
Hendrik Algra hat meardere histoaryske boeken skreaun.

Yn 1915 komt ' de hecht goed onderhouden koemelkershuizinge ' te keap op in boelguod.

1930: Gerrit Waringa (* 1898 yn Aldeboarn) troud yn 1923 mei Antje Spoelstra (* 1897 yn Sondel) Hja wennen yn it iene part fan it hûs, yn it oare part wie ûnderwilens in klompmakkerij fêstige.
Syn frou holp yn dy tiid (1944) by gesinnen dêr 't readfonk wie. Hja waard warskôge foar de sykte, mar sei " as ik it krij dan is dat sa ". En spitigernôch dat barde. Se ferstoar 47 jier âld.

Lêste fêste bewenners wiene Willem Spoelstra mei syn frou.
Dêrnei is it pân ferkocht foar rekreaasje.
Troch brân is it pân folslein ferlern gien.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Sjoerd Spoelstra

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s