Skrok 6

Skrok 6
©: Jetske Santema

Grut - Amswert De pleats is fan 1785. It is in bysûndere pleats troch de  kop- romp opset.
Wêrom de hals is ' fergetten ' is net dúdlik. De pleats leit hielendal oan 'e ein fan de tagongsdyk fan it Skrok, as jo foar de brêge oer de Eastereinder feart rjochtsôf slane.
Grinzend oan it natuergebiet fan it Skrok fan NatuerMounuminten.
Langs de pleats rint de Eastereinder opfeart, ek Sebeare neamd.
Fia it wetter waard eartiids de molke ôffierd en alles wat nedich wie oanfierd.
Yn de boeken komt yn 1543 de pleats al foar as Ansquert of Anskwert.
It leit ticht tsjin Hennaard oan en sadwaande krijt de pastoar fan dizze tsjerke jild út dizze pleats. It bysûndere is dat parten fan it ynterieur yn de pleats bewarre bleaun binne út it boujier 1785. De hjoeddeiske eigener (Paul Borghaerts) hat safolle mooglik wersteld en restaurearre. Syn gefoel foar de pleats dy 't er leafkostlik " de âlde dame " neamt jowt dat wol oan. Hij hat soarge foar in komplete restauraasje en hat him ferdjipje yn de skiednis fan de pleats. Borghaerts is dendrochronolooch en hat fan in soad pleatsen de bynten ûndersocht op leeftyd en komôf fan it hout. 
Yn it jier 1543 buorket Lolckke Hettes op dit plak. De pleats stiet (dan) op in grutte hege terp.
By de ôfgraving fan de terp binne skeletten fûn en ek oare saken lykas in part fan in mûnestien om nôt te meallen. Der binne fynsten te sjen yn it Fries Museum.
Om 1700 hinne komt Anskwert (stimcohier 35) yn de boeken foar. Mei- eigener is Ente Hylckes. Hy is in rike grûnbesitter, en ek mei- eigener fan in pleats mei de namme Galehuis, dy't letter ferdwûn is, Stemcohier (1698 (nr 39)

De famylje Hette Doekles Sjoustra hie in soad besit op it Skrok en it waard dêrom ek wol >>>>>>>>Sjoustra buorren neamd.

Ente Hylkes Is troud yn 1661 mei 1e Tietje Hayes en om 1682 hinne mei 2e Antie Pytters.

1698: Dirck Ippes troud mei Rinscke Lolckes.
Hy ferkeapet syn pleats oan Ente Hylkes en bliuwt de brûker. 

1718: Doekle Hettes troud yn 1681 mei Imckien Sioerds. Claes Entes is dan noch foar de helte eigener. It Anthony Gasthuis fan Boalsert is foar de oare helte eigener. Sa bliuwt it in pear iuwen. Doekle wie gjin earme hierboer. Hy hat sels in pleats mei de namme Hielema te Koifen ( bestiet net mear). Syn frou is ek net ûnbemiddele. Doekle is ek in man fan oansjen.
Hy is meirjochter fan Henaarderadeel. Wat ek bysûnder is: hy is yn 1698 eigener brûker fan Sion. Hy sil him yn dizze perioade ek Sjonstra neame. Hy krijt in soan, Hette Doekle Sjonstra( * 1684) It is net dúdlik oft er buorke hat op Sion of op Answert. Wol dat it ek in man fan oansjen wie.Hy is krekt as syn heit meirjochter en kurator.


1901: Hotze Minnes Heech.
Hy hat hjir buorke fan 1901 -1913.


1934: Lolke van 't Zet mei syn húshâlding út Parrageastermar.
Hy hat in pear flinke soannen en yn de oarloch 1940 -1945 ha dy aktyf west yn it ferset.
It wie in gaadlik plak foar it ferset. It leit tige ôfgelegen en men seach lju fan fierren oankommen. Nei de oarloch binne der noch wapens fûn. Ek is der it ferhaal út oerlevering dat de pleats betelle is troch it ôfgraven en ferkeapjen fan de fruchtbere terpgrûn.
Dat is troch de soannen fan Lolke mei de hân dien en de terpgrûn waard ôffierd fia it wetter.


1950: Douwe van 't Zet (1913) troud mei Foekje Meekma( * 1912). Harren soan Lolke folget harren op.


1970: Lolke van 't Zet (* 1956) is net troud en wennet earst noch mei syn mem op de buorkerij. Letter is hij ophâlden mei buorkjen en de pleats is ferkocht as wenbuorkerij.
It lân is kocht troch Natuurmonumenten. It lân is yn âlde steat bleaun er is der dêrtroch tige geskikt foar de greidefûgels.


2000: Paul Borghaerts mei syn frou Chantal Swinkels.
Paul is sa 't hjirfoar beskreaun is " yn de ban " kommen fan de âlde skiednis fan de pleatsen yn de omjouwing. Hy hat in boek útjûn mei de titel " Houtstromen, Bossen, binten en boerderijen ".
Syn yntinsje : " troch it fêstlizzen en digitalisearjen fan de gegevens bliuwt de skiednis bewarre ". Foaral de iere skiednis hat syn ynteresse. It Eastereinder argyf hat tastimming om gegevens út syn boek te brûken.

Colofon

Boek Easterein, Kadaster, Alle Friezen, Houtstromen door Paul Borghaerts, Boerderijenboek Hennaarderadeel 1511-1698 Douwe van der Meer

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s