Skrok 5

Skrok 5
©: Paul Borghaerts

Betsjutting Sion: God is mei ús, God is fersoenjend.

De pleats mei de namme Sion is boud yn 1753. De kop-hals-romppleats is bysûnder te neamen troch in ' koarte lege rêch '. It is yn de omjouwing de iennige pleats út dizze perioade dy 't noch hieltyd bestiet. It gebinte fan de pleats komt út de omkriten fan Riga-Klaipéda.
( LitouwenLetlân). Bysûnder dat men om 1750 hinne dit hout yn ús lân brûkte.
In skoftlang is it kwa grûngebrûk de grutste pleats yn de omkriten fan Easterein.
De pleats sels is relatyf lyts boud. Hij is boud yn opdracht fan Doekles Hettes Sjonstra en syn frou Acke Claases Schinga. De pleats bliuwt lange tiid yn de famylje.
Dêrby waard net allinnich de pleats oernaam, ek de namme fan Hette Doekles nei Doekle Hettes bliuwt oerein. De famyljenamme feroaret yn de rin fan de jierren fan Sjonstra yn Sionstra en dêrnei wurdt it Sjoustra, en yn de 19e iuw feroare de namme yn Ypma.
De famylje is yn in soad aktes werom te finen. De famylje is bestjoerlik tige aktyf. Ek yn it tsjerkebestjoerder as tsjerkfâd. Oant 1845 (hast 100 jier) bliuwt de pleats yn eigendom by dizze famylje. Al meitsje sy ek hiel wat mei. De feepest bliuwt ek dizze famylje net besparre.
Folsleine feesteapels beswyke oan dizze sykte. Neffens oerlevering binne in soad bisten op it hiem begroeven. Oft dit (mei) de oarsaak west hat fan it hingjen bliuwen / weromkommen fan de sykte is net bekend. Wol dat de pleats fanwege earmoede ferkocht wurde moast.
In part fan it lân is kocht troch de tsjerke fan Tsjalbert. Dat waard ferhierd oan meardere persoanen. Yn 1848 wurdt Sion kocht troch Simon Paulus Strikwerda (komt fan Winsum) en syn frou Janke Koopmans komt fan Westerhús ûnder Jorwert.
De tradysje fan opfolging fan heit op soan wurdt fuortset. Lykas de namme in lange tiid.
Ek bestjoerlik set de famylje de tradysje troch en is aktyf yn de tsjerke en as wethâlder.
Yn aktes wurdt Strikwerda neamd by besluten oer grinskorreksjes fan de gemeenten.
De anekdoate ferhellet dat Simon Paulus te krijen hie mei swiere heabroei.
Sa slim dat Simon Paulus tocht dat it dizze kear echt misgean soe. Mei lûde stim rôp er út " Sion zal branden ".
Gelokkich is dat net bard en stiet de monumintale pleats der noch hieltyd.
It is in bedriuw dat hjoeddedei noch folop mei de takomst dwaande is en dêrop ynvestearret.
Steven Strikwerda en syn frou Baukje van Althuis buorkje der anno 2023 en sette it bedriuw fan Sake en Janny troch.

De bewenners binne:

1. Doekle Hettes Sionstra fan Easterein troud op 9 -1748 mei Acke Claases Schinga fan Mantgum. Sy binne de opdrachtjouwer fan it bouwen fan de pleats. Yn 1752 komme sy op de pleats te wenjen. Yn 'e akten stiet fermeld dat it in boer wie mei in goed beslach fee!
Harren soan Hette nimt de pleats oer.  

2. Hette Doekle Sjonstra berne op 28 -5-1752 nimt de pleats oer. It is net dúdlik wannear.
Yn de aktes komt foar dat er net-troud stjert op 20 -1818. Hy hat goed buorke en syn neilittenskip ferervet yn de famylje. Syn neef Hette Doekles Ypma erft de pleats. De wearde wurdt bepaald yn it testamint op fl. 10.628,50. Mar Hette wie op dat stuit noch mar 14 jier.
Syn heit Doekle Sjoerd Ypma fan Wieuwert beheart de neilittenskip ta Hette de pleats oernimme kin. Foar de rest fan de famylje bliuwt der noch genôch oer. In bedrach fan fl.
43.542,30. Foar de tsjinstfaam Tjaltje Hendriks Hardenburgs is der in legaat fan (fl.1.000,)

 3. Hette Doekles Ypma 23 jier troud yn 1827 mei Sjoerdtje Pieters Vellinga 18 jier.
Sy krije 10 bern, wêrfan in oantal op jonge leeftiid ferstjerre. Mei it bedriuw giet it minder goed. En yn de aktes falt te lêzen dat de jongste bern yn Menameradiel berne binne yn 1845 en 1848

4. Simon Paulus Stikwerda 23 jier, troud op 18 -1857 mei Janke Freerks Koopmans 18 jier ôfkomstich fan Winsum. Se krije 10 bern, 9 jonges en 1 famke. Yn dy tiid is der in grutte bernestjerte. Der stjerre 5 bern ûnder de 5 jier. In grutte klap is it ferstjerren fan harren soan Paulus. Dizze studearret foar dokter en is 27 jier. Se hawwe 2 soannen mei de namme Marten. Beide wurde 7 wiken âld. Ek binne der 2 bern mei de namme Sake berne.
De jongste Sake bleau yn libben en is letter op de pleats kommen. De namme Sake is ôfkomstich fan de mem fan Janke, har namme wie Saakje.

5. Sake Simonz Strikwerda (* 12 -1868) troud mei Sjoukje Lommes Jelsma (* 19 -1890 ).
Sy krije trije bern Tryntsje, Janke en Simon Paulus. De soan komt op de pleats.

6. Simon Paulus Strikwerda (* 6 -1917) troud mei Fetsje Dijkstra (* 1 -1924) fan Aldeboarn. Se krije 3 bern dy 't wer ferneamd wurde nei de âlden. Sake, Sjouke en Gerbrich.
Sake set as 4e generaasje it bedriuw Sion fierder.

7. Sake Strikwerda (* 1949) troud yn 1981 mei Jannie Schouten. Hja krije 5 bern, Simon Paul, Steven, Sjouke, Jannie en Gerben.

8. Stefanus Jan Strikwerda  troud yn 2013 mei Baukje van Althuis 

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Paul Borghaerts

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s