Skrok 3

Skrok 3
©: Jetske Santema

De pleats op Skrok 3 is boud yn 1936 en is fan it type stjelppleats Op it bedriuwspart sit in reiden tek. Oant 2018 hat de pleats in agraryske bestimming. De pleats hat sels gjin âlde histoarje, mar it ferhaal fan it ûntstean is wol bysûnder.
De pleats Sion (Skrok 5) is troch Hette Doekles Ypma om 1847 hinne fanwege ferfal yn earmoed ferkocht. De pleats en in part fan de lannen wurdt yn 1848 kocht troch Simon Paulus Strikwerda. In oar part fan de lannen is yn hier by de pleats fan Durk Piers Noordmans. Dizze is troud mei in Maaike Ypma, in dochter fan de eardere eigener!
Oan de ferhier fan dit lân oan Noordmans komt ek in ein. It lân wurdt ferkocht, mar der is noch gjin nije hierder foar. Dêrom beslút de eigener der in nije pleats op te bouwen. It is in pleats fan it type sa 't dat yn de Fryske Wâlden in soad foarkomt. Je komme troch de foardoar sa de keuken yn. It lân en de pleats binne oant 1981 eigendom fan de tsjerke fan Tsjalbert. Dan keapje Sybe Feenstra en Griet Breeuwsma de buorkerij hûzinge. De hier fan it lân rint troch oant 1986. Dêrnei wurdt ek it lân ferkocht.


1. 1936: Watte Abma mei syn frou

2. 1955, Johannes Gerlofs Dijkstra (* 1918 yn Wommels) troud yn 1946 mei Aaltje Jeltje Piersma (* 1918 te Ingwier) Johannes hat sjoen hoe 't de pleats boud wurdt.
As in jonge fan in jier as 16 seach er it boumateriaal oanfierd kommen oer it wetter yn Easterein. Dêr wurdt it oerladen op hynder en wein. Johannes is in soan fan Gerlof Dijkstra, boer op Skrok 8. De ferhuzing hat in bysûnder barren west. It wie in trijehoeksruil. Frou Stapsinen fan Easthim ferhuze nei de Van Eijsingaleane 20, Watte Abma nei Easthim en Johannes Dijkstra en Aaltje Piersma ferhúzje nei Skrok 3.

3. 1981: Sybe Feenstra troud mei Griet Breeuwsma.
Aaltje Jeltje Piersma is in âldtante fan Griet. Johannes Dijkstra bliuwt noch oant 1986 buorkjen op it Skrok. 
Der wurdt in feestalling byboud en Sybe hat fan 1986 ôf in bedriuw yn hannel fan fee.>>>>> " Oare fleisfeehâlderij en sûchkij bedriuwen ". As Sybe en Griet yn 2019 nei Wommels ferhúzje, komt harren dochter Maaike op de pleats te wenjen.


4. 2019: Maaike Feenstra mei har partner Jan Scholte

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s