Skrok 1

Skrok 1
©: Jetske Santema

Rispens is de namme fan de pleats op Skrok 1. De pleats is boud yn 1886 -1888.
Yn dizze perioade wurde mear fan dit kompakte buorkerijtype boud. De pleats Skrok 1 is lange tiid yn eigendom fan de famylje Rispens. De famylje skriuwt langere tiid histoarje yn Easterein. Yn âlde aktes stiet Itske (* 1769) beskreaun as boer.
In emansipearre boerinne dus. Se ferstoar op 70 - jierrige leeftiid yn 1839.
It is ûnbekend oft nei har noch in Rispens op de pleats buorke hat.


1. Jitske Ymes Stellingwerf (* 1769) widdo fan Klaas Reinderz Rispens (* 1769 ).
Klaas stoar yn 'e âldens fan 56 jier.
Yn de akten wurdt Jitske ek wol as Itske en Jetske beskreaun. Harren bern waarden allegearre boer, of trouden mei in boer út de omjouwing, wêrby 't bekende famyljenammen binne, ûnder oare Heech en Vellinga.
Soan Reinder Klazes Rispens troude yn 1819 mei Trijntje Doekle Ypma. Ofkomstich fan de pleats Sion. De famylje Rispens is oarspronklik ôfkomstich fan de pleats Rispens op Trijehuzen 3.

2. Unbekend.


3. Haye Gerbens Groustra (* 1859 yn Hilaard) trobud yn 1888 mei Sytske Gosliga (* 1864 yn Jelsum) It echtpear krige 7 bern, wêrfan de earsten yn Baarderadiel te wrâld kamen. De bern dy 't fan 1895 ôf it libbensljocht sjogge wurde op Skrok yn Hennaarderadiel berne.

4. Sijtse Auke Groustra (* 1895 te Easterein) troud yn 1921 mei Trijntje Engelsma (* 1897 yn Warkum ). Yn 1920 wurdt de pleats ferkocht oan G. Terpstra. Sijtse Groustra ferhuze nei de Sibadawei 30.

5 Gerrit? Terpstra, boer fan 1920 -1931.

6.Theunis Hofstee (* 1903 yn De Hommerts) troud yn 1929 mei Akke Attema (* 1902 yn Heech) Nei it ferstjerren fan Theunis boert Akke fierder, oan't soan Jan Hofstee de pleats oernimt.

7. Jan Hofstee (* 1933) troud mei Tine Baarda (*..) Yn 1995 ferhúzje sy nei it doarp Easterein.
Soan Theunis komt op it bedriuw te wenjen.

8. Theunis Hofstee (*...) troud mei Ytsje van Dijk (*..) wenje anno 2023 noch altyd op 'e pleats.
It is gjin melkfeebedriuw mear.

Colofon

Boek Easterein, Alle Friezen.nl

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s