Foarwurd
It is in heikerwei en skriuw in boek oer it ‘Wilhelmina-corps’ fan Easterein. Dêr wie ik wol wis fan, doe’t it bestjoer my frege om dêr oer gear. Dochs ha ik ‘ja’ sein, om’t it my mear as wurdich wie. Fansels wie ik nijsgjirrich hoe’t it west hat, eartiids, mei Wilhelmina. Wannear is it korps oprjochte, wa stiene oan de widze, hoe is Wilhelmina wurden wat it no is? Soks fyn ik de muoite wurdich om te witten en ik tink, in bulte Eastereinders mei my. Skiednis, seker fan myn eigen gea, dat hat myn hert. En: Sk