Doarpsfernijing

Doarpsfernijing
©: Onbekend

Doarpsfernijing

In wichtich ûnderwurp begjin jierren 80 wie ek de doarpsfernijing. Wy litte Tedde Vellinga - Posthuma,  ien  fan  'e bestjoersleden  fan  'Hâld  Faesje'  fan dy tiid, oan it wurd:

"Oan it begjin  fan 1982 kamen der trije nije bestjoersleden: Durkje van der Eems, Gerk van der Veen en Tedde Vellinga. Mei de sittende bestjoersleden Johan Har­ kema, Gerrit Langerak, Jan van Asselt, Carli Houtsma en Rigt Bergsma soe  in  reuny organisearre wurde. Doe't wy der krekt mei dwaande wiene kaam op 28 maaie it berjocht fan 'e gemeente: der wie foar Easterein in unike kâns om roei te dwaan as proefprojekt yn it ramt fan wurkgelegenheidfersjennings yn kombi­ naasje mei it oanlizzen fan djipriolearring. Easterein moast dan earst wol 'Be­ skerme Doarpsgesicht' wurde. Foar it projekt wie wol 2,5 miljoen gûne beskikber! Besletten wurdt om hjirop yn te spyljen.

'Hâld    Faesje'  is  tuskenpersoan yn it gearwurkjen fan gemeente, Grontmij en bewenners. Yn  'e kom fan it doarp wurde de strjitten, wâlbeskoeiing,  wenningfer­bettering, riolearring en sletten oanpakt en opskjinne.

It lykstalt komt wer op it âlde plak (by de brêge by slachter Bouma) en der komme oanlisstegers op 'e Skippersbuorren en njonken de brêge oer de Griene Leane.De  doarpsfernijing wurdt op twa oktober 1982 útein set; deputearre Douwe van der Til oerlanget de strjit­ makkershammer en skeppe oan twa learlingstrjitmakkers.  Twa  jier  lang  sille  28  jonge wurkleazen wurkje  oan  it  fernijen  en it  fersterkjen  fan  it  histoarysk  karak­  ter fan it doarp. De measte kontakten rinne fanút de keet njonken de Dobbe.  Per­  soanen lykas F. Laverman  (Grontmij)  en  J.  Meulenaar  (Gemeente),  spylje  hjirby foar  it  Doarpsbelang  in  wichtige   rol.  It  doarp   waard  tige  kreas  en  it  iene  stuts it oare oan. Elk begûn ek syn eigen hûs op te knappen. Sa kamen der moaie  strjit­  sjes, paadsjes, brechjes, smûke hoekjes en in fleurige beplanting.

Krapoan twa jier letter, op 12 septimber 1984, wurdt it projekt ôfsletten ûnder it motto:   

'twajier lang ús doarp op 'e kop, jûn drinke wy der ien op!'

It wie in feestlike dei foar jong en âld. Deputearre Douwe van der Til wie der wer. No foar de iepening op de nije brêge op 'e Foarbuorren. De houten pomp op it Skil­plein wurdt hjirby oanbean troch de Grontmij en oerdroegen oan it doarp. Fanôf de Griene Leane wurdt it 'Einehûs' bewûndere, in kado fan 'e Eastereinders. De skoalbern sjonge oer it wetter in tapaslik liet. Jûns giet it feest fierder  en  alle buerten leverje in bijdrage. It hichtepunt is it lieden fan 'e klokken fan de mânske toer fan 'e Herfoarme tsjerke. Hjirmei wurdt oankundige dat der in miljoen beskikber steld is foar de restauraasje fan dizze prachtige tsjerke en toer. Foar dit feest wie ek in liet makke, dat wy hjirby ôfprintsje. (wize Columbus)

l. De start dat wie twajier tebek, wy sieten samar yn 'e drek, en op 'e dyk dy bulten sân, as wie 't in dún op it Amelân

2. It djiprioel dat waard ek lein, mei gatten djip hast sûnder ein, Jo koene hast it hûs net út, mei sokke gatten foar de snút

3. It stalt, it brechje oer de feart, de beskoeiing, dy't it wetter keart, gjin mins dy't aanst mear oer wat seurt, want alles kaam wol oan 'e beurt.

4. Wy misse aanst dy jonges wol, wy hiene faak in protte lol, wy winskje jim hjoed ta dat, jim it letter ek goed ha.

5.  En sjogge jo hjir yn 'e sleat, dêr stiet wat moais dêr't elk fan heart, De einen yn ús moaie plak, dy ha tenei ek ûnderdak.

6.  It wurk dat fynt hjir hjoed syn ein, it is al dien, sa't wy al sein, Dit is in feestdei, sûnder mear, dêrom no foar de lêste kear:

Refrein:

- yn ús doarpke Easterein- yn ús doarpke Easterein

Easterein, oh Easterein, it wurk dat fynt hjir hjoed syn ein Easterein, oh Easterein, ús doarp is klear, folslein!

It  slagjen fan dit kerwei joech it bestjoer en de leden stipe om mei  'Faasje' fierder te gean. De hjoeddeiske foarsitster, frou Greet de Boer, fertelt oer de feriening en saken dêr't hja no mei  dwaande  binne:  "It  bestjoer bestiet  njonken de foarsitster út Ineke Duipmans, Theo Jelsma, Taekje Kuiper, Keimpe Meier, Hindrik Okkema en Sietske Okkema. len kear yn 'e moanne fergadert it bestjoer om bar by ien oan hûs. It ledejild is seis gûne yn 't jier.  Op  'e  jiergearkomste  presentearret  alle kearen ien fan 'e ferienings fan it doarp har.

Der is geregeld oerlis mei it gemeentebestjoer oer allerhanne saken yn ús doarp. lt giet op dit stuit goed mei ús doarp. De huzen rize oan alle kanten út 'e grûn. Alle bewenners binne yn in pear jier tiid hast ferhuze. It binne meast Eastereinders dy 't in nij hûs boud hawwe oan 'e westkant fan it  doarp, yn it  eardere  hôf fan R.R. van der Valk.

Grutsk binne wy ek op 'e kuierpaden dy't  krekt oan trije kanten om it doarp hinne, klearkommen binne. Skoalbern hawwe iperenbeammen lâns dizze paden plante. Skoalbern dogge as it heal kin mei oan de aktiviteiten. Oan de noard-east kant is in bedriuwenterrein kommen. Besteande en nije ûndernimmers begjinne dêr oan in nije takomst.

Op 19 febrewaris fan dit jier, 1995, is de tûzenste ynwenner fan it doarp berne. It 'Doarpsbelang' joech ek dêr omtinken oan. Oare saken dêr't oan wurke wurdt,  binne ûnder  mear  it pleatsen fan in wynmûne en it realisearjen fan in iisbaan.De feriening hâldt him (noch altyd) dwaande mei allerhanne saken om it doarp skjin en by de tiid te hâlden. Allinne hjirtroch sil it sa  bliuwe dat Easterein in doarp is om grutsk op te wêzen en in plak dêr't elk graach wenje mei.

Colofon

Boek Easterein 1995, skriuwer fan dizze tekst Klaas Kooistra

© Tekst: Tekstvertaling uit Boek Easterein, Friese tekst Klaas Kooistra © Foto voorblad: Onbekend

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s