Doarpsargyf Easterein, opset

Al ieuwenlang wurdt ús skiednis fêstlein yn wurden en bylden. Yn boeken, teksten, tekeningen, skilderijen, en yn lettere jierren ek yn foto's en films.

Bibliotheken en argyfen binne belangryke sammelpunten fan al dizze historyske ynfermaasje. Optekene troch minsken dy't it belang ûnderkenden fan de wearde foar de generaasjes fan dernei.

Dat jildt ek foar de Eastereinder skiednis. Troch dizze minsken bliuwt it ferline in gesicht hâlden en dat bliuwt learsum en tige nijsgjirrich.

Hjoeddedei binne de mooglikheden om it tiidsbyld te fangen fûleindich grutter as eartiids. En ek de tagong is foar elkenien folle makkeliker. It ynternet en oare nije technyken soargje foar in grut ferskaat oan mooglikheden om tekst, byld, lûd meielkoar te ferbinen ta in kompleet tiidsbyld, ek fan wat west hat.

Foar doarpsbelang Hâld Faesje fan Easterein is it de oanlieding om in digitaal doarpsargyf op te setten, weryn ek it besteande materiaal fanút it ferline yn ûnderbrocht wurdt. Sa ferdwynt it net nei de eftergrûn en wurdt de neat wei fan de grutte ynset fan de Eastereinders dy't de history optekene en fêstlein ha.

Der is in kommisje "Doarpsargyf Easterein" beneamd om it argyf op te setten en yn te rjochtsjen. It betsjut besteand materiaal digitaal te ûntslúten, en ek de trochgeande skiednis bij te hâlden. Derbij dogge wij in berop op alle Eastereinders om hjir oan mei te helpen. Want de ynhâld fan it argyf wurdt úteinlik bepaald troch de ynwenners: "Fan, Foar en Troch it doarp"!

De Kommisje Doarpsargyf Easterein,

Berend Santema, Jan Hiemstra, Durkje van der Eems, André Vink, Folkje Visser, Jetske Santema

Colofon

Berend Santema