49. Lânferhuzers

49. Lânferhuzers
©: Jetske Santema


Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Lânferhuzers
‘Amearika, do lân fan dream en winsken’ is gjin sinterklazeferske en ek gjin krystliet. It is wol in tekst der ’t hoop en langstme (=verlangen) út sprekt en dêrom by de desimbermoanne past.



 

De dichter fan de tekst is Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824 – 1906). Hy gie yn 1881 trije moanne nei Amearika ûnder mear op besite by syn broer dy ’t yn 1849 emigrearre. It wie de tiid fan de feepest en de ierappelsykje mei as gefolch grutte earmoede. De minsken woene hjir wei foar in bettere takomst. Besykje de tekst te lêzen en ek de muoilike melody yn jimme op te nimmen.

 
De oarlochsekonomy

No nim ik in grutte stap. Doe ’t de twadde wrâldoarloch yn 1945 foarby wie, wie it yn ús part fan de wrâld en dus ek yn Easterein net al te rom. De minsken wiene bliid dat se frij wiene, mar der wie hast neat te keap. Yn alle troch de Dútsers besette gebieten wie hiel wat fernield en hearske earmoede. Der wie wol jild, dat wie yn de oarloch wol printe, mar as je neat keapje kinne ha je neat oan jild. Ruilje wie de ienige oplossing. Doe ’t ús heit en mem yn de oarloch trouden koene se allinne mar by de goudsmid oan in trouring komme troch âld goud yn te leverjen. Foar heit wie der net in nij pak te keap; in âld pak waard keard, dat betsjut dat de binnenkant de bûtenkant waard.

 
De jildsanearring

Minister fan finânsjes Lieftinck hie goed yn de gaten dat it jild wer wearde krije moast. Hy naam in krasse maatregel. Alle Nederlanners koene op 26 septimber 1945 oer ien nij tientsje beskikke en dêr koe allinne mar mei betelje wurde. Al it (âlde) jild waard ûnjildich en moast ynleverje wurde. Oan it jild op ‘e bank stie, koene de minsken tydlik net komme.

Mei al dy bankbiljetten yn ‘e bûse wiene der tal fan minsken dy ‘t harren ryk rekkenen. Sa ek ús heit. Hy hie by weinmakker Reitsma (dy ’t ek fytsen en radio ’s ferkocht) oan de Wommelserdyk in nije radio besteld. Nei it yngripen fan Lieftinck moast de tocht op ‘e nij makke wurde, mar no om de radio ôf te bestellen, want der moast earst noch belesting betelle wurde. It hat oant 1952 ta duorre eart der by ús in radio kaam! 

 
De nei-oarlochske tiid

Nei de oarloch wie der gjin jild, gjin guod en gjin wurk. Wat der oan guod wie koe allinne mar op bonnen (distribúsjesysteem) kocht wurde. Bestelden je in oranjekoeke by de bakker dan moasten je bonnen en in pakje margarine ynleverje. Tusken de lannen oan beide kanten fan it izeren gerdyn ûntstie argewaasje en Berlyn waard blokkearre, der wie eangst foar de atoombom en it kommunisme (de ‘kâlde oarloch’ bruts út); ús lân rekke yn de ûnôfhinkelikheidsstriid yn ‘Nederlânks’- Indië betize, der ‘t ek tal fan jonges út ús doarp hinne moasten en de Korea-oarloch bruts út. De takomst seach der net botte fleurich út.

In ljochtpuntsje wie dat de Amerikanen yn de gaten hiene dat it sa net koe. Easterein en hiel West-Europa soene der nea boppe op komme as der gjin help fan bûten kaam. Dy kaam der as Marshall-help. 

 
De grutte úttocht

Stadichoan kamen de minsken der wol wat boppe-op, mar it gong de measten net hurd genôch. Foar it plattelân foel de Marshall-help net altyd like posityf út. Der koene trekkers en de oare masinen oantúgd wurde. Foar hynders en boere-arbeiders kaam der dêrtroch minder wurk. De hynders bedarren by de hynsteslachter en de arbeiders kamen by de DUW (dienst uitvoering werken) of yn de WW. De wenningbou en it opknappen fan besteande wenten rûn net hurd. De foarútsichten wiene dan ek net al te bêst. Dat fûn it regear ek. Mei goed 9 miljoen ynwenners flak nei de oarloch waard it, neffens de opfettingen fan doe, wol tige fol yn ús lân. Dêrom stimulearre de regearing de minsken om harren hinne te sjen. Mei Kanada, de Feriene Steaten, Australië, Nij Seelân en Súd Afrika waarden kontrakten sluten, sadat Nederlanners dy ’t neat mankearren ferfarre koene. Dêr waard grou gebrûk fan makke, ek troch tal fan ús doarpsgenoaten. Yn de fyftiger jierren ferlieten der sa ‘n 11 húshâldingen en sa ‘n 6 ienlingen (yn it totaal sa ‘n 70 persoanen) it doarp. Neist de hoop op in bettere takomst wie der ek faaks in persoanlik drama yn it spul. Guon hiene it hjir net bolwurkje kinnen, guon seagen gouden kânsen foar harren sels, mar foaral foar harren bern. By de ienlingen spile it elemint ‘aventoer’ ek noch in rol.

 

Nederlânske emigranten fan 1950 oant en mei 1959 nei bestimmingsplannen

                                         hiele perioade           allinne yn 1952 (it topjier)

Australië                               106 216                        16 300

Kanada                                 127 859                        21 481

Nij Seelân                               19 857                          5 089

Feriene Steaten                     59 850                          4.151

Súd Afrika                               29 127                          4 693

totaal                                    342 909                        51 714

 

De tarieding

It emigrearjen barde by de measten net yn in hite hei (=opwelling). Wie de takomst yn it lân der ’t se wennen net wis, der ’t se hinne gongen wie dy faaks noch ûnwisser, mar dêr wie mear hoop op in goede ôfrin. Al yn de 19e ieu wisten de measten wat se efterlieten, mar hiene amper in idee oer wat der kaam. Se gongen fuort mei de gedachte nea wer werom te kommen. Dit gefoel hiele hiel wat emigranten nei de twadde wrâldoarloch ek noch. It waard in ôfskied foar goed. Allinne dy ’t dan yn it nije lân goed ‘buorke’ hiene, soene wol wer ris weromkomme kinne. De foarljochting fan de ryksoerheid en de emigraasjelannen mocht noch posityf wêze, it bleau in hiele stap. De tarieding begûn faaks mei in kursus Ingelsk, want sûnder koene je wol thúsbliuwe. De measten gongen mei de boat en yn ferskate gefallen waard it meubilêr yn grutte houten kisten pakt om mei ferfearn te wurden. Dat koe lykwols net by elkenien lije en dan waard de ‘ynboedel’ ferboelguodde. Soks wie al in hiele sensaasje yn it doarp.

 
Myn eigen belibbing

As yn it doarp bekend waard dat der immen of in húshâlding fan doel wie te emigrearjen dan levere soks hiel wat emoasje op. Ik ha ferskate bern yn myn legere skoalletiid fuortgean sjoen, wêrfan my in pear tige bybleaun binne. Ien dêrfan is Beitske Postma. Se wenne oan de Skippersbuorren deun by ús. Ik hie mei har op de beukerskoalle en yn de earste klassen fan de legere skoalle sitten. Har heit Jaring hie foar har hûs in beurtskip lizzen der ’t er mei op Snits fear. Mei noch twa frachtriders yn it doarp wie dit tefolle fan it goede. De boat waard yn 1949 ferkocht. It slagge heit net om fêst wurk te finen en mei frou Gee en de sân bern waard yn 1952 de ‘sprong oer it djippe’ nei Amearika makke. Yn de tiid dêrnei skreau Beitske nei har âlde klasse noch wolris in briefke, mei ek al rillegau wat Ingelske wurden der yn. Soks fûnen wy hiel bysûnder.

 
Fertrek Rienstra ‘s (foto fleantuch is fan hushâlding Rienstra)

Ek de stap fan Rients Rienstra mei syn húshâlding (‘grutte Rients’ foar de Eastereiners) is my oant de dei fan hjoed bybleaun. It wie in grutte húshâlding mei noch jonge, mar ek al folwoeksen bern. Yn it grutte hûs oan de Wynserdyk nr 10 hie dochter Anna it postkantoar. De loads achter dit hûs wie foar de foeraazjehannel fan Rienstra. Neist dy hannel hie Rienstra in túnderij op it stikje grûn flak foar de Bargekop. 

Yn 1951 ferfear dizze húshâlding fan heit, mem en tsien bern. Ien fan de bern dy ’t dominy wie, gong net mei. Der koe hast neat meinommen wurde: elk ien koffer, mei in tekken en twa boeken. Dat betsjutte dat al it oare guod ‘fuort’ moast. Der wie hiel wat foar it boelguod. Oan sa ’n ferkeap gong in besichtiging foarôf en dan rûnen der allegearre nijsgjirrige minsken troch jo hûs, waard jo guod besjoen en betaast. Foar de Rienstra ’s moat soks in traumatyske ûnderfining west ha. It boelguod sels wie spektakel. In opropper rôp de kavels om en de minsken koene biede. Nei it  …eenmaal, …andermaal, …ferkocht notearre de notaris wa ’t de nije eigener fan de ‘kavel’ (it oanbeane guod) wurden wie en dy koe dan nei ôfrin fan it boelguod betelje en krige it kochte mei. Ik wie der as lyts mantsje by, want heit hie my tasein in fyts foar my te keapjen. Der wie sa ’n moaie donkerreade sportfyts fan soan Henk yn de oanbieding! Dy wie wol wat oan de grutte kant, mar ik hie der sa ’n sin oan! En heit mar biede, mar der kaam hieltyd wer ien dy ’t mear jaan woe. Uteinlik waard de fyts kocht troch boer De Jong foar soan Hindrik dy‘t de fyts al rille gau in race-uterlik joech, der op nei Bogerman fytste en der  ferskate âlvestêde tochten op riden hat.

Mar myn fyts kaam der dochs! In âld frouljusfytske mei in hânrem. Ek dat fytske wie noch te grut foar my, mar dêr wist Arend Leeman, de timmerman, wol ried mei. Op de trapers kamen in pear fikse blokken en ik koe fytse!

 
Rients Rienstra

Rients Rienstra wie in man fan statuer. Hy wie bygelyks foarsitter fan it korps, mar ek foarsitter fan it muzykbûn. It wie in Frysksinnich man dy ‘t miskien wol mear nocht oan syn (neat opbringende) bestjoerlike taken hie, as oan it wurk der ’t de húshâlding fan rûnkomme moast. 

Fan dizze ferhuzing is my tige bybleaun dat op de lêste jûn dat de Rienstra ’s noch yn harren hûs wennen, it korps der hinnegie om in serenade te bringen. Soks barde yn Easterein by belangrike saken sa as in 40-jierrich houlik en de weromkomst fan in militêr út Indië. Uteinlik gong no de âld-foarsitter fuort! Under dy serenade sille grif in pear marsen, in licht stikje, in tal koralen en as ôfsluting ‘Wat de toekomst brenge moge’ en it Wilhelmus spile wêze. De reis nei Kanada koe begjinne. No ’t ik dit byld nei 68-jier wer op it netflues krij, skuort it op ‘e nij troch my hinne.

 
Ane en Janke

Yn itselde jier dat de Rienstra ’s ferfearen stutsen Ane en Janke Jacobi- Strikwerda mei harren bern Siebren en Sake ek de oseaan oer nei Kalifornië. Dit wie in hiel oare emigraasje as dy fan Rienstra ‘s. Ane hie in tal fan jierren as militêr yn Nederlânsk-Indië sitten en Janke wenne yn dy tiid mei de twa bern oan de Skippersbuorren nr 1. Doe ’t er wer weromkaam wie der op Jacobi ’s pleats gjin wurk foar de fiif soannen en foar benammen Ane mei aventoer yn it bloed wie Nederlân te lyts wurden. 

Nei ’t de ferhuzerskisten ynpakt wiene, wie der noch wat rokerij yn de hûs. Marten Bouma en ik krigen wat bokjes en sigaretten. Wy binne doe efter in kúlbult by Bauke de Jong (no Tsjerkebuorren 5) sitten gongen en ha elk in bokje opsmookt. Ik acht en Marten njoggen jier âld. Je kinne der mar op tiid bywêze, mar as ik der oan werom tink fiel ik no noch mislik ik doe wie.

 
Sikke en Durkje

Mei de namme fan Marten Bouma kom ik op de húshâlding fan Sikke en Durkje Bouma. Dit wie de lêste grutte húshâlding (heit en men mei 12 bern) dy ’t ein fyftiger jierren (1959) ferfear nei Australië. De twa âldsten (Marten en Auke) wiene doe ’t se fuortgongen, krekt as heit, al timmerfeint. Yn it jier fan Simmer 2000 ha twa fan de bern, Auke en Klaas, by ús te gast west. Marten en Auke hiene it fak yn Australië fuortendaliks wer oppakt en benammen Auke die de minsken dêr fersteld stean dat hy as 16-17 jierrige al oer sa ’n kennis en kunde, leard op de ambachtsskoalle yn Snits, beskikte. Hjir werom hiene de ‘jonges’ harren eagen útsjoen oer de rykdom dy ’t se yn it lân, dat se ferlitten hiene, oantroffen. Doe waard my dúdlik dat de rigel út de Lânferhuzerssang ‘Do hast my brea en wolfeart brocht’ lang net foar alle lânferhuzers jilden hat. Hiel wat emigranten hiene it hjir mear as rêden as se hjir bleaun wiene. 

 

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s