46. It keatsen nei de oarloch

46. It keatsen nei de oarloch
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
It keatsen nei de oarloch
Op 31 augustus 1945 stie de Nederlânske trijekleur op de Eastereiner toer. It wie in bysûndere dei; keninginne Wilhelmina waard 65-jier en soks moast fierd wurde. It wie de earste Keninginnedei nei de befrijing. De jonges droegen in oranje sjerp, de famkes hiene oranje strikken yn it hier en de folwoeksenen túgden harren op mei oranje spjeltsjes en linten. Der moast op it Dobbelân feest fierd wurde en dat organisearre ‘Oranje en Heitelân’, de oranjeferiening.

 It Dobbelân

It stikje lân links en rjochts fan de reed fan de Sibadawei nei Elba wie it Dobbelân. It part oan de rjochterkant mei it sicht op de pastorij, de moestún en de tsjerke foarme it feestterrein. In sportterrein wie der noch net. No wie it Dobbelân net it ienige feestterrein. As der bygelyks grutte muzykkonkoersen hâlden waarden, mar ek foar keatspartijen en doarpsfeesten waard der soms gebrûk makke fan it lân efter de Van Eysingaleane of de Zonnehoek.

 
In sliepende feriening

Ien fan de fêste feest ûnderdielen wie it keatsen. Der is dus yn de rin fan de jierren neat feroare! Dochs wie it bysûnder dat der yn 1945 mar leafst 50 partoer meidiene en ... noch gjin froulju. It grutte tal dielnimmers hie neffens Pieter Sipkes Hiemstra silliger ta gefolch dat de partij de oare deis út keatst wurde moast. By de doarpsfeesten wie it keatsen ien fan de ‘spultsjes’ en waard, krekt as de oare spultsjes, organisearre troch de oranjeferiening en net troch de keatsferiening. Yn it Bolswards Nieuwsblad komt in pear dagen nei it feest de útslach te stean. Guon nammen binne no noch yn ús doarp werkenber.

         

It keatsen 

Wat der oan keatsferiening nei de oarloch noch yn libben wie mocht gjin namme ha. Al yn de tritigerjierren hie it organisearre keaten neat mear om de hakken. Net allinne de oranjeferiening skreau bygelyks mei it doarpsfeest in keatspartij út, ek de herfoarme jongfeinteferiening (de ‘jongelingsferiening’) hold yn 1947 in ûnderlinge wedstriid. Keatsen waard as bysûnderheid sjoen. Dat docht ek wol bliken út in berjocht fan 24 septimber 1948 yn it ‘Bolswards Nieuwsblad’: ‘Het was iets bijzonders, dat er in Oosterend werd gekaatst’. 

De stabylste ploech keatsers bestie út de arbeiders fan it bûterfabryk. Jierliks hâlden se harren keatsmiddei.

 De keatsferiening

Gjin libbene keatsferiening yn it doarp waard as in skandaal sjoen en gelokkich kaam dêr feroaring yn. Op 1 maaie 1950 kamen in tolftal keatsleafhawwers yn kafee Bergsma by ien (dêr is oant en mei 1989 ta fergadere) om de âlde feriening nij libben yn te blazen. Der waarden dy jûn sels spikers mei koppen slein en der kaam in bestjoer: Durk van der Duim (foarsitter), Jacobus (Jap) Bergsma (sekretaris), Bindert Faber (ponghâlder), en Yme Zijlstra en Klaas van der Meer (leden).

Keatsen mocht net it measte kostje; de jierlikse kontribúsje waard 1 gûne it lid. De minsken hiene yn de gaten dat wa ‘t de jeugd hat, de takomst ha sil. Dêrom koene jonges ûnder de 15 jier aspirant-lid wurde.

Natuerlik moasten der foar de jeugd wedstriden útskreaun wurde. Bestjoerslid âld-slachter Klaas van der Meer stelde him beskikber om de jonges it keatsen te learen. Hy wie net de earste de beste. Fan Wommelser Eastereiner wurden hie er sels foar de oarloch geregeld oan trochinoarlotterspartijen meidien.

Oan de doarpsminsken moast dúdlik makke wurde dat it keatsen wer in plakje yn it doarp krigen hie. Dêrom waard besletten om op befrijingsdei 5 maaie 1950 in propaganda wedstriid te organisearjen.

 
Fjild en oanklaaiïng

Keatst koe der wurde op it Dobbelân. It wie wat oan de krappe kant, foaral doe ‘t de huzen op de nûmers 12 en 14 oan de Sibadawei boud wiene. Der waard noch wol net ‘ferwoestend’ slein, mar oates en toates leine de ballen yn de feart lâns pastorij en moeten. It materiaal om it fjild te lizzen wie suterich: gjin platte linen, mar stikken tou, gjin merkblokjes, gjin telegrafen, gjin banken om it fjild. Ek de ballen wiene faaks strie min. Se wiene wat sacht en om der dochs mei keatse te kinnen moasten se earst in nacht yn it wetter. Mar dan rûnen je wer it risiko dat se út de naden knapten! Figen wiene it.

 
In dreech punt

De oarloch hie de minsken wat mylder makke, want de 32 leden yn 1950 hiene in herfoarme, grifformearde, reade of liberale eftergrûn. Mar ien punt bleau hingjen: moast de feriening wol of net by it KNKB bliuwe. De jierlikse ledegearkomste fan it KNKB wie op snein en dat soe sa net moatte. De fraach ‘Kin de bûnsfergadering yn Frjentsjer ek op in oare dei as op snein hâlden wurde?’ kaam yn 1953 yn Easterein oan de oarder. Foarsitter Durk van der Duim, sels net tsjerklik, hie der gjin muoite mei en gong derhinne om it te freegjen. Der feroare neat en Easterein betanke yn 1954 as KNKB-lid. Dat der yn Easterein net op snein keatst wurde koe wie wol dúdlik. Sawol it Dobbelân as de Skoalleseize wiene tsjerkelân en yn dy tiid moast men neat fan sport op de rêstdei ‘de dag des Heeren’ ha.

 
Bestjoerskrisis

Ek yn de wer opstiene feriening wie it net allegearre rys mei rezinen. Yn 1954 die bliken dat der ‘ûngenoegen’ wie doe ‘t de bestjoersferkiezing oan ’e oarder kaam. Foarsitter Durk van der Duim kin op ‘e nij keazen wurde mar wol yn it foarút net ferklearje dat hy by werstimmen de funksje oannimme sil! It probleem loste him fansels op, want Germ Okkinga waard yn syn plak keazen. De jûn ferrûn fierder mei noch al wat argewaasje. Yn dizze sfear wiene de leden der ryp foar te besluten it lidmaatskip fan it KNKB op te sizzen. Nei dizze gearkomste foel der in bestjoerlike stilte. Earst op 24 jannewaris 1956 waarden de notulen troch sekretaris en foarsitter ûndertekene.

 
Wol of net op snein

Foar in keatsferiening mei ambysje is it nea goed om net by it keatsbûn oansletten te wêzen. Dêrom die de skriuwer in oprop om mei it each op de jongerein it lidmaatskip fan in bûn nochris rêstich en sûnder lilk te wurden te besprekken. Dat barde op de jiergearkomste fan 25 jannewaris 1956. It wichtichste punt fan de aginda wie it teare punt fan it bûnslidmaatskip. Op taktyske wize besocht de foarsitter de feriening rjochting KNKB te stjoeren. ‘Op it lêst seit de foarsitter as it ek mooglik is dat wy by it KNKB geane, mar dat ús leden net op snein fuort geane te keatsen, teminsten net út ’e feriening wei. Persoanlik mei men wol keatse op snein, dat moat men sels witte.’ Doe waard  der stimd: alle 22 leden wiene foar it útstel fan de foarsitter en KFEasterein waard op ‘e nij KNKB-lid.

 
Nij elan

Doe ‘t it beslút oer it wer lid wurden fan it KNKB nommen wie, waard de feriening stabiler. Der ûntstie nij elan. Foar it earst sûnt jierren stie Easterein wer op ’e Freulelist. It tal dielnimmers oan it kompetysjekeatsen naam ta en de jierlikse doarpsparty krige foar de dielnimmers de status fan in wrâldkampioenskip!

Yn dizze jierren wie it lange gers in pleach. Der rûnen skiep op it lân om it koart te hâlden. Dat diene se, mar se skieten ek. Dy skieppestront wie soms noflik by it oanmerken; mar om’t der safolle lei wisten de keatsers net altyd hokker keutel foar hokker keats by hokker perk hearde! Mar ek dit probleem waard oplost.

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s