37. Mei de LAB op stap

37. Mei de LAB op stap
©: Jetske Santema

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Busferfier
Woene je net op de fyts, mar wat lúkser der op út dan gongen je mei ‘de LAB op stap’. LAB stie foar Leeuwarder Auto Bedrijf en dit bedriuw riedt mei bussen troch ús diel fan Fryslân, it fjouwerkant tusken Ljouwert, Harns, Makkum en Snits. Jierrenlang rieden de reade LAB-bussen op geregelde tiden troch Easterein en stiene stil by de bushalten oan de Wommelserdyk.

 Tjitte van der Wal  

De LAB-bussen hiene foargongers. Yn tal fan plakken wiene der ûndernimmers dy ‘t in bus kochten en der mei de minsken út doarp en gea op út gongen. Yn Easterein wie dit Tjitte van der Wal. Hy wenne oan de Hidaarderdyk (no de helte fan Wynserdyk 14). Mei syn bus riedt er foar de oarloch moandeis, woansdeis, freeds en sneons oer Boazum op Ljouwert. De reizgers wiene de lju dy ’t yn Ljouwert om boadskippen gongen, dêr op skoalle sieten of nei de freedsmerk (boeren en feekeaplju) moasten. Tiisdeis stie Snits yn de planning, want dan wie dêr de merkedei. 

 Oarloch

Yn de twadde wrâldoarloch kaam it busferkear stil te lizzen; der wie hast gjin benzine en wat der wie gong nei Dútslân. Troch tadwaan fan de Dútsers moast Tjitte van der Wals bedriuw opgean yn dat fan Jan Boonstra yn Wommels, dy ’t dêr in gelyksoartich ûndernimming hie. Van der Wal kaam by Boonstra oan it wurk, mar dêr kaam nei de oarloch in ein oan. Doe begûn er foar himsels yn in foaroarlochske T-Ford te taksyriden. Boonstra bleau ek net selsstannich; yn 1941 gong de fa Boonstra op yn ‘de’ LAB. Jan Boonstra waard ien fan de direkteuren en der kaam yn Wommels oan Spannumerdyk in LAB-garaazje. ‘De’ LAB wie in bedriuw dat yn 1920 oprjochte wie yn Ljouwert. Al rillegau waard der ûnder de namme LAB troch in part fan de provinsje riden. 

 Nei de oarloch

Doe ‘t de oarloch foarby wie, wiene der hast gjin bussen mear. Soms waard der yn oanpaste militêre trucks riden; de minsken wiene al mei in bytsje tefreden! Nei ferrin fan tiid kamen der nije glimmende Leyland, DAF (en noch wer letter Mercedez-Benz) bussen mei in karrossery fan Hainje út it Hearrenfean of Smit út Joure troch Easterein. Dy nije bussen waarden foaral as toerbussen brûkt foar de groepen dy ’t op stap gongen sa as de frouljusferiening, it skoalreiske, it korps nei it konkoers en SDS as it ‘fier fuort’ moast. Ek foar it jierlikse âlden-fan-dagen útsje waarden se ynset. Foar dy âldtsjes wiene soms twa bussen noadich dy ’t se mei de bekinde sjauffeurs Sake Hemstra en Jan Visser ien kear yn it jier nei de grêften fan Amsterdam, Schiphol, it strân en neam mar op, brochten. It ferfier nei ús skoalswimmen yn Ljouwert gong ek mei ‘de’ LAB, mar ik leau net dat dêr de nijste bussen foar brûkt waarden. As it nijste der ôf wie, waarden de bussen op de lijntsjinsten ynsetten.

 De tsjinstregeling

Yn de nei-oarlochske jierren rieden de bussen earst noch wat ûngeregeld, mar der kaam al gau in tsjinstregeling mei opstapplakken. Lang wie it de gewoante dat de minsken sawat oeral ynstappe koene as se hân mar omheech diene. Mei de komst fan in tsjinstregeling moast de bus op tiid ride. Foar sjauffeurs dy ’t oeral stil stiene en ek noch kaartsjes ferkeapje en kontrolearje moasten wie soks net te dwaan. Dêrom kamen der op de drokke linen konduktrises. Neist de sjauffeurs kaam de konduktrise om de kaartsjes te ferkeapjen en beide kreas yn it LAB-unifoarm. Tine van der Vliet fan de Grieneleane wie ien fan dy konduktrises. Yn de tiid fan it hichtepunt fan de bus sieten de ritten moarns en op ‘e neimiddei grôt fol en wiene se oer deis goed beset. Fan de rjochtline om allinne mar by de yn- en útstapplakken stil te stean kaam net it measte telâne. It kaam mar al te faak foar dat de klanten dy ’t bûten it doarp wennen, meinommen waarden as se de hân opstutsen. De klant bleau kening.

 
De linen troch Easterein

Der gongen twa linen rjochtstreeks troch Easterein. Dat wie de bus dy ’t fan Frjentsjer nei Snits in oantal kearen op ‘e dei oant jûns ta op en del ried en de bus dy ’t fan Wommels oer de lytse doarpen yn Barradiel, sa as Littens en Hilaard, en Deinum, nei Ljouwert op-en-del gong. Om op in fluggere manier yn Ljouwert te kommen koene je yn Wommels op de bus fan Boalsert nei Ljouwert stappe dy ’t oer Dronryp ried. 

 Reinich waar en winter

Mei min waar wie de klandyzje foar de bus in stik grutter. It kaam foar dat reizgers moarns op ‘e fyts ôfstutsen, mar troch it minne waar leaver mei de bus weromgiene. Dêr hie de bus in oplossing foar. Op it dak fan de bus wiene ramten laske der ‘t  de tsjillen fan in fyts trochhinne stekke koene om sa stabyl op it dak fan de bus te lizzen. De sjauffeur moast dan earst as in aap by it trepke oan de efterkant fan de bus op om de fyts fan de reizger oan te pakken en yn it rak te pleatsen. Meastal reinde it dan as it miigde en wie soks foar de sjauffeur bepaald gjin aardichheid. Mar ek foar dizze klanten moasten je wat oer ha. It buskaartsje foar de reizger mei fyts waard dan wol wat djoerder, mar je hiene yn alle gefallen de fyts thús en koene de oare dei in buskaartsje útsparje.
 
It oare ferfier

De bus waard ek in bytsje foar frachtferfier brûkt. Sa kamen de kranten om 14.00 oere hinne mei de bus en dat jilde ek foar de post jûns dy ’t om sa ‘n 16.00 oere oankaam en dêrnei noch troch de posten útsutele waard. It kaam sels foar dat Eastereiner bedriuwen dy ’t haast hiene om bygelyks nije ûnderdielen pleatse te kinnen, dizze mei de bus komme lieten, want lang net elkenien hie in auto om se sels te heljen.

Net mear mei LAB op stap

Oant 1 jannewaris 1971 ta ha de reade LAB-bussen troch ús doarp riden. Doe waard in tiidrek ôfsluten. De fraach nei busferfier waard troch de opkommende auto hyltiid minder en om de holle boppe wetter te hâlden foarmen de Fryske bus ûndernimmers, de NTM, NOF, de LABO, de ZWH mei de LAB de nije ûndernimming FRAM. De reade bus waard ferfongen troch in gielen ien.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s