36. Op 'e fyts der op út

36. Op 'e fyts der op út
©: Onbekend

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Ferfier
Doe ’t de Twadde Wrâldkriich foarby wie woene de minsken graach wer ris fan ‘t hiem, mar de reis mooglikheden wiene beheind. It measte ridende ark hiene de Dútsers nei de ‘Heimat’ ferhuze en wat der oer wie, wie net ûnderhâlden. Om de fytstsjillen sieten kusjebannen, massive bannen sûnder lucht. De auto ’s dy ’t noch rieden wiene omboud op in houtgas ynstallaasje. Der rieden ek bussen (soms omboude militêre auto ‘s), mar it buskaartsje wie prizich.

 Op reis

De goedkeapste manier om op reis te gean wie de fyts. De foaroarlochske fytsen waarden opkalefatere, sadree ‘t der ûnderdielen te keap kamen. Sa no en dan stie der sels in nijen ien by de fytsmakker yn de winkel. Sa ’n fyts seach der noch krekt sa út as ien fan foar de oarloch: net botte lúks, kleur swart en yn de soarte manljus- of frouljus. It tal fytsmerken wie grut. Elke regio hie syn eigen merk; om Ljouwert hinne wie it Phoenix, Grinzer merken wiene Fonger, Veeno en New Beeston, út Snits kamen de fytsen fan Bouma Sneek (BS), de Drinten diene it mei de Germaan út Meppel, de Oeriselse fabrikant wie Burgers ENR (Eerste Nederlandse Rijwielfabrikant) út Dimter. En dan wiene der ek noch de grutte lanlike merken sa as Batavus en Gazelle.

De fytsen

Op manljusfytsen sieten enoarme learen sadels mei grutte fearren der ûnder; de sadels op de frouljusfytsen wiene wat behindiger. Fanwegen de rokkebrot hiene de frouljusfytsen in lege ynstap. Manlju moasten by it opstappen de skonk oer it sadel slingerje en dêr hiene guon nochal muoite mei. By âldere manlju siet der faaks op de hichte fan de achteras in útstekkend stankje der ’t dan earst mei de linkerfoet op stean gongen waard om al autopetsjend snelheid te produsearjen. Dêrnei waard de rjochterskonk mei in gejuichje oer it sadel slingere; dit wie in kluchtige fertoaning. Wiene de minsken dan ien kear oan it fytsen dan foel it foar guon net ta om ta stilstân te kommen. Hjir wie de rem foar noadich; op de measte fytsen in hânrem. Troch deryn te knipen waard in rubberen plaatsje ûnder it spatboerd op de foarbân drukt. Soks moasten je net te karbûstich dwaan, want dan blokkearre it tsjil en koene je in flinke ‘skuiver’ meitsje. Op de wat lúksere fytsen siet in ‘terugtraprem’ yn de achteras en dat wie hiel wat feiliger. Mar sa as altyd: feilichheid hie syn priis.

 Oan de fyts

In fyts moast oan tal fan easken foldwaan. Sa moast der in bel opsitte en woene je by ‘t tsjuster op paad dan wie der foar- en achterljocht noadich. De dynamo op de foarfoarke wie mei snoerkes nei foar- en achterljocht ferbûn. Mei dy triedsjes wie altyd wat, se bleaune earne efter hingjen en moasten dan wer oan inoar set wurde mei wat isolaasjebân. De pitsjes wiene net botte sterk en brânden troch as je te hurd fytsten. Waard it ûnder it fytsen skimerich dan stelden je sa lang mooglik út de dynamo op de foarbân te setten, want fytsen mei ljocht op wie dreech. Soks moasten je ek wer net al te lang útstelle, want tal fan doarpen hiene noch in plysje en fytsers waarden strang kontrolearre. Al by it lytste mankemint krigen je in bekeuring. Spesjaal waard der op ta sjoen of it stikje fan de ûnderkant fan it achterspatboerd ûnder de pakjedrager wol hagelwyt wie.

 Fyts en frijheid

In fyts wie lúkse en joech in stik frijheid. Sa ’n fyts waard foar it libben oantúgd en der moast goed op past wurde. De measte minsken himmelen en poetsten dy fyts geregeld en as er net brûkt waard stie er yn it hok ûnder in kleed, want der mocht gjin miggepoepke op komme.

It kaam foar dat de fytsen âld wiene, mar noch net tenein. De fytsmakker kocht se dan op en makke fan twa ien, om se healsliten te ferkeapjen. Dêr wie grif belangstelling foar, want lang net elkenien koe in nije fyts bestuiverje.

 Bernefytsen

Hiele lytse bern sieten faaks yn in sitsje oan it stjoer; waarden se wat âlder dat waard de pakjedrager harren plak. Om foar te kommen dat de lytse poatsjes yn de speaken kamen waarden der stankjes montearre of kamen de fuotten yn de fytstassen. Bernefytskes wiene der noch net safolle. Bern learden it fytsen meastal op de fyts fan mem en sadree se it koene waard der in âld frouljusfyts oantúgd. Fytsten bern op manljusfytsen dan hongen se as apen ûnder de boppeste stange om te traapjen.

Op boelguodden wiene fytsen ‘begearde’ artikels. It heucht my noch dat de húshâlding fan ‘grutte’ Rients Rienstra yn 1950 nei Kanada emigrearre en der in stel fytsen feild waarden. Dêr wie in donkerreade sportfyts by, mei in fersnelling. Dat wie hiel wat. Sa ‘n fyts hie ik graach ha wollen, mar wie der noch te lyts foar. Heit kaam oan ‘e ein fan it boelguod mei in âld frouljusfytske thús en doe ’t timmerman Arend Leeman blokken op de pedalen setten hie, waard dit myn earste fyts. Ek ik hie it fytsen doe al leard op de ‘Renner’ fan ús mem. It heucht my noch dat ik hielendal oerémis as in raket foar it hûs lâns skeat, net remje koe en tsjin it hinnehok stil kaam te stean.

 Fersnellingen, remmen en slotten

Nei de oarloch kamen der fytsen mei Sturmey Archer fersnellingen. Dit wiene naaffersnellingen en hiene trije stannen: grut foar foar de wyn, midden foar ‘normaal’ en lyts om by de dunen op te fytsen. Ek it ferskynsel trommelremmen en knypremmen op de beide tsjillen boargere hieltyd mear yn, mar dy sieten dan wol op de wat lúksere typen. Op dy nije fytsen sieten ek slotten, mar it heucht my net dat der doedestiids ea in fyts yn Easterein op slot setten waard. Dat wie mei in protte foardoarren nachts ek net it gefal!

 De fytsmakker

Wie der wat oan de fyts dan gongen je nei de fytsmakker. Yn it doarp wiene der twa: Jappie Reitsma oan de Wommelserdyk, dy ’t der ek weinmakker by wie, en Folkert Oosterbos oan de Hidaarderdyk. De oeren wiene noch set sa djoer en it plakken fan in bân foar de measten te dreech. Lekke bannen kamen troch de minne kwaliteit derfan en it skerpe ‘split’ op de diken geregeld foar. It plakken fan al dy bannen makke fan it berop fan fytsmakker lykwols gjin fetpot. 

 De foto is makke foar 1940, it is Hillebrand Brandsma. Foar de oarloch wie de (bak) fyts ek in wichtich ferfiermiddel foar de handel. 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend

Relatearre ynformaasje


Finsters