32. Us Gebou

32. Us Gebou
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Us Gebou
It gebou dat elke Eastereiner koe as Us Gebou en dêrfoar de ald Skoalle, stiet oan it Skilplein. Der is in jier of wat ferlyn wenromte fan makke. Yn 1874 waard dit gebou mei in skoalhûs oan de foarkant as ‘Bewaar-, naai- en breid-school’ troch de tsjerke boud. It kaam op it plak fan fjouwer keamerwenten. Famkes hearden nuttige feardichheden bybrocht te wurden, dy ’t letter yn de húshâlding fan pas komme koene. It kaam moai út dat dit gebou der stie, want de yn 1870 boude kristlike skoalle  waard al rillegau te lyts. Yn 1882 moasten de learlingen fan dizze skoalle nei dit gebou. Dizze situaasje hat oant 1892 ta duorre doe ’t de skoalle ferhuze nei de nije skoalle oan it Skilplein. It skoalhaad bleau yn it wenhûs wenjen oant it grutte skoalhûs neist de skoalle yn 1903 klear wie.

 
De ald Skoalle/Us Gebou

Doe ’t it gebou net mear de naaiskoalle of de legere skoalle wie, waard it de ‘ald Skoalle’, it ferieningsgebou foar de herfoarmen en it doarpshûs, foar de Eastereiners. Der waard hjir en dêr wat ferboud, mar de bûtenkant en de yndieling liken noch op in skoalle. De kezinen seagen der wat oars út as hjoed-de-dei. Se wiene fan izer en boppe de boogruten siet siermitselwurk. 

                     



Yn de midden fan it gebou siet oan de kant fan it Skilplein in doar, dy ’t wol iepen koe mar wêrtroch je nea nei binnen gongen. De yngong wie oan de linkerkant by in stiennen trepke op, dat der noch is, troch in griene doar nei in portaaltsje. Dêr hongen heakken foar de jassen en koene je de klompen kwyt. Dan kamen je yn lokaalromte. Dizze romte wie yn twaen ferdield troch ‘sket’ mei ruten deryn. Hjirboppe hongen yn myn jeugd noch kaarten der ‘t de reizen fan de apostel Paulus op oanjûn wiene. De foarste romte waard it measte brûkt, mar by brulloften en útfieringen wie de hiele romte nedich.

Yn de foarste romte stie winterdeis in foarse kachel mei in piip dwars troch it lokaal, om mar sa min mooglik waarmte te ferliezen.

 
De Âld Skoalle as ferieningsgebou

Troch de wike repetearre Hallelujah der op woansdei- en Wilhelmina op tongersdeitejûn. Sneontejûns siet de herfoarme jongelingsferiening der mei de Bibeltekst ‘Prediker 12 : 13 B’ as namme. Yn dizze Bibeltekst stiet: ‘Vrees God, en houd Zijne geboden, want dit betaamt allen menschen’. Foar't de ‘jongelingen’ mei harren byienkomst begûnen koene de Eastereiners boeken liene, want de jongelingsferiening behearde in pear kasten fol biblioteekboeken. It útlienen barde troch de jongfeinten. Hjoed-de-dei soene wy soks frijwilligerswurk neame. Yn in tiid dat lang net elkenien in radio hie en de TV net bestie, wie dit in manier om de doarpsgenoaten te ferdivedearjen. As jonkje ha ik der faak genôch in Arendsoog- of in Bob Evertsboek weihelle. Nei it útlienen fan de boeken hiene de jongfeinten harren ‘fergadering’.

Ek de herfoarme frouljusferiening ‘Weest een zegen’ siet geregeld yn dizze romte. Yn it taske namen de froulju dan it breidzjen en in kopke mei. Under de ynlieding, oare aktiviteiten en it praten koe der wol oan hoazen, boarstrokken en truien breide wurde. It bakje tee waard út it eigen meinommen kopke dronken, sadat der nei ôfrin gjin ôfwaskjen wie.

Sneintejûns sieten ‘wy’ der as leden fan ús knapeferiening ‘Timotëus’. Timotëus wie it feintsje fan de apostel Paulus. Dan wie der de Nederlandse Christen Vrouwen Bond noch dy ’t hjir geregeld har gearkomsten hie. Al dy aktiviteiten gongen sa goed as it hiele jier troch, want lange simmer-fakânsjes bestiene noch net.

 
Utfieringen en oare saken

Soms waard de hiele romte brûkt sa as by in brulloft, in begraffenis, in útfiering fan it korps, in toanielfoarstelling en in bazaar. It gebou wie net lúks en koe mei in planken flier sûnder flierbedekking hiel wat ferneare. Foar tal ferieningen wie de bazaar it jierlikse hichtepunt om oan jild te kommen. De bazaar fan frouljeferiening wie der foar om it guod dat breide wie, foar in goed doel te ferkeapjen. Der waard fan alles dien om de minsken jild út de bûse te klopje. It ‘draaiend rad’ draaide kontinue en ek it rieden fan de namme fan in kreas oanklaaide pop wie sa ’n mooglikheid. De middenstânsferiening hierde op sinteklaasjûn it gebou. Dan waard der in bazaar hâlden om de restanten mei ‘help’ fan it ‘draaiend rad’, it goaien op opsteapele lege grienteblikjes, it sjoelen of it sjitten mei de buks oan de man te bringen.

De jierlikse ‘begeunstigersjûn’ fan Wilhelmina waard altyd yn de Ald Skoalle hâlden. It poadium wie lyts, mar de 20 - 25 leden koene der troch wat yn te skikken krekt opsitte. 

Foar it jierlikse toanielstik fan de jongelingsferiening, it Oranjefeest, en sa no en dan besteande toanielferiening, de jierlikse filmfertoaning fan it Reade Krús, it stimmen en tal fan fergaderingen waard it gebou brûkt. Under de ferbouwing fan de sakristy, mar ek wolris yn de winter as de ‘gruttsjerke’ net waarm te stoken wie, waard útwykt nei de ald Skoalle. Der stie dan in kateder dy ’t op in preekstoel like.

 
De ferbouwing

Yn it begjin fan de fyftiger jierren wie it gebou wol hiel suterich. Der waard troch doarpsbelang alle war dien om fan de legere skoalle dy ‘t sûnt 1953 leech stie, in multyfunksjoneel doarpshûs te meitsjen. Yn dit gebou siet hiel wat mear romte yn as yn de ald Skoalle. Dit gong lykwols net troch. Úteinlik ha de tsjerkfâden besluten om de ald Skoalle te ferbouwen ta in ‘echt’ doarpshûs. Doe ’t dat yn 1956 slagge wie, waard de offisjele namme Us Gebou. It opknapte gebou krige in nije yngong oan de súdkant. De âlde opslachromte waard ôfbrutsen. Yn de nije entree kaam romte foar jassen, húskes en in keukentsje. De herfoarme tsjerke stuts der flink jild yn. Yn de gemeente Hennaarderadiel wie it ien fan de moaiste romtes. De seal waard troch in fleksibele wand yn twaen splitst; it poadium waard wat grutter, want de bedsteden fan it wenhûs kamen der by; de efterkant fan de seal krige in theateropstelling. De behearder ‘Willems Wiep of frou Leeman’ hold der mei op en in nije behearder anneks koster kaam yn de krappe ferboude wenromte. De keamer links fan de gong kaam net by de wenning, mar waard fergaderromte!

Foar Durk Rusticus en syn frou Afke Lycklema à Nijholt kaam der in nije útdaging.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s