31. Tabak

31. Tabak
©: Onbekend

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Tabak
Jierrenlang rookte in bytsje keardel in sigaretsje of in sigaar, of hie in prûmke efter de kiezzen. Foar froulju wie dat oars, want in fatsoenlik frommes rookte net. Dat feroare pas yn en nei de oarloch. As der al rokende froulju wiene, dan sprutsen de manlju, mei in grouwe sigaar ûnder de noas, der kwea oer.
 

‘Post’ Zijlstra

De ‘tabak’ waard kocht by ‘post’ Rinze Zijlstra. Hy hie postbesteller west, mar koe troch rimmetyk syn wurk net mear dwaan. De útkearing wie net botte heech en om dochs troch de tiid te kommen hie er mei syn Aaltje oan hûs (Tsjerkebuorren 21, no in ûnderdiel fan Tsjerkebuorren 19) in tabakssaak. Foar ús heit ha ik der hiel wat kearen west foar in pakje sjek mei floeikes. De ‘âld post’ siet dan efter de tafel en wat je noadich hiene pakten je út de trommels en je betellen. De hiele dei wie der oanrin en foar immen dy ’t moarns út de bedstee wei (yn deselde keamer) efter de tafel mei de hannel derfoar delsetten waard, wie der dan ferdivedaasje. Doe ’t ik in wat gruttere jonge wie, waard ik der moarns om in oere of acht op út stjoerd en kaam it foar dat ik Aaltsje holp om de ‘post’ fan ‘t bêd te heljen. As je yn Easterein opgroeiden moasten je net al te ferlegen wêze.

 
En doe bruts de oarloch út ….

Yn de oarlochsjierren, mar ek de jierren dêrnei, wie der oan fan alles en noch wat gebrek. Om it bytsje dat der wie sa earlik mooglik te ferdielen kamen der bonkaarten. It produkt der ’t de manlju beslist net bûten koene wie tabak en dy tabak kaam ek op de bon. Allinnich tsjin it ynleverjen fan in tabaksbon koe der tabak kocht wurde. Tabaksbonnen wiene der foar de manlju; froulju krigen bonnen foar snobbersguod (= snoep), mar dy koene se ynwiksele tsjin tabaksbonnen. De measte manlju rookten ‘foar twa’ en hiene it bytsje tabak dat op ‘e bon te krijen wie samar op. Dêr moast dan wat oan dien wurde! Guon manlju wisten harren frou sa fier te krijen dat se harren bonnen omwikselen tsjin tabaksbonnen. De leafde gong net allinne troch de mage. 

 
De tabak yn histoarysk perspektyf

Columbus seach yn 1492 hoe ’t yndianen tabak brûkten om sykten te bestriden en yn kontakt te kommen mei de goaden. Reisgenoat Rodrigo de Jerez waard de earste roker fan Europa. De minsken dy ’t de reek út syn noas en mûle kringeljen, waarden bang en seagen dit as tsjoenderij. De Jerez bedarre sân jier yn de finzenis, mar de tabak rekke yn Europa ynboargere. Yn de santjinde ieu bloeide de tabaksindustry. Der waard mannige lange wite Goudse piip opstutsen.

Ein njoggentjinde ieu waard tabak prûmke, snúfd en yn pipen stoppe.

Nei de Krimoarloch (1854-1856) kaam Europa yn de kunde mei de sigaret. Frânske en Ingelske soldaten seagen Turkske soldaten sigaretten roken. Yn 1880 waard yn Amerika in masine útfûn om sigaretten te produsearjen, sadat der pakjes mei kant en kleare sigaretten kamen. Europa waard in poer beste klant. Yn de earste Wrâldoarloch waarden de sigaretten de soldaten oanret, want se hiene en in kalmearjende en net mear honger fielende bywurking. De Amerikaanske generaal Pershing sei it sa: ‘You ask me what we need to win this war. I answer: tobacco, as much as bullets.’

 
Surrogaten

Yn de oarloch ha spanningen en it neat om hannen hawwen grif bydroegen ta it rookgedrach fan de Eastereiner manlju. Guon rookten drûge beantsjeblêden, mar krigen der opsette klieren fan! Net allinne de tabak, mar ek de floeikes foarmen in probleem. It ûntbruts oan tin papier, mar dêr waard al gau wat op fûn. Yn de measte húshâldingen wiene bibeltsjes en psalmboeken, dy ’t op tin papier printe wiene. Dat papier wie mar krekt tsjokker as floeikes. De oplossing wie simpel. Wat koene der in protte sigaretten út ien bibeltsje rôle wurde. It sil dúdlik wêze dat Gods wurd geregeld yn reek opgong. Dan kamen net allinne de skealike stoffen út de tabak en it papier yn de longen, mar ek dy fan de drukinket. It is dan ek net ferwûnderlik dat dizze generaasje letter massaal rokerssykten krigen hat.


Eigen teelt

Foar it tekoart oan tabak kaam in oplossing. Hiel wat húshâldingen hiene in stikje bou en dêr waard tabak op ferboud. Foar kwaliteit wie in knappe simmer noadich, want tabak is in (sub)tropyske plant. Ik sjoch de tabaksplanten mei de moaie grutte griene blêden noch by ús op de bou stean. Wiene de blêden ‘ryp’ dan waarden se ‘plukt’ en op de souder boppe de skuonmakkerij hongen om te drûgjen. Sadree ‘t se droech wiene waarden se ynkûle (fermintearre) en kleuren se moai brún. Dêrnei koene se fierder bewurke wurde: der waard sjek fan snien, mar ek sigaren fan rôle, mei de moaiste blêden as dekblêd. Dat sigaar meitsjen wie net sa ienfâldich en de measte eigenmakke sigaren seagen der út as hûnekeutels. Der wie in oplossing foar dit probleem. Yn Snits stie sigarefabryk De Haas en dêr koe ‘eigen teelt’ ferwurke wurde ta sigaren. Heit syn tabaksblêden gongen der hinne. Hy wie grutsk op syn moaie grutte brune blêden en seach allegearre doaskes mei 10 sigaren deryn werom kommen. Dy kamen ek werom; de bûtenkant eage skitterjend. Pontifikaal waard in sigaar opstutsen. Nei wat probearjen (en dat wie al hiel ûngewoan) slagge dit. Mar doe wiene de rapen gear; it wie net in lekkere sigaregeur dy ’t him ferspriede, mar it stonk. Der wie wat mis mei de moaie sigaren. Fan poere lilkens bruts heit in sigaar yn twaen en doe bliek dat de ynhâld foaral bestie út tabaksôffal. It wie noch minder as in kat yn de sek.

 
De Kanadezen

Begjin 1945 kamen de Kanadezen rjochting Fryslân. Dy soldaten hiene lekkere dingen sa as sûkelade en sigaretten by harren. Dy lekkere dingen woene se wol ferruilje foar aaien. Sa barde it yn it foarjier fan 1945 dat in ploechje manlju út Easterein rjochting Peinjum teach mei aaien yn de bûse. Doe ’t se deun by Peinjum kamen fleagen de kûgels harren om de earen om ’t de Kanadezen drok dwaande wiene de lêste Dútsers gefangen te nimmen. De aventoerlik manlju krûpten troch de wâlen om de Kanadezen te berikken. Spitigernôch wiene de aaien hjir net op berekkene, sadat se mei in bûse fol djerre by de Kanadezen stiene. Dy seagen de humor fan de aksje yn en joegen de Eastereiners ‘smoking’, sa as de Eastereiners de sigaretten neamden, en sûkelade. De reis hie net foar neat west. Der koe rookt wurde en foar ‘mem’ wie der sûkelade.

 
Roken as noarm

Roken rekke yn de rin fan de tiid folslein ynboargere. Der wiene sels dokters dy ‘t it oanrieden. Sa goed as alle manlju rookten en yn en nei de oarloch begûn it ek ûnder de froulju ta te nimmen. Earst wiene it de spesjale froulju ’s sigaretten mei mentol der yn, mar geandewei gong it lyk op mei de manlju en rûnen guon froulju ek mei in pakje swiere sjek yn it boarstbûske.

Der gong gjin fergadering, feest of begraffenis foarby of der stie in glês mei sigaren, bokjes en sigaretten op ‘e tafel. De romten wiene skier fan de reek. As tsienjierrige blaasde ik al by Wilhelmina en dan wie it normaal dat guon muzikanten in brânende peuk op de lessener lizzen hiene. Hiene se efkes rêst dan waard der rookt. Nei it bringen fan in serenade waarden sigaren en sigaretten rûn parte as blyk fan wurdearring.

Foto: is makke yn Us Gebou. De mannen ha in sigaar. De jiskebakken steam op tafel.

It roken: dit hat duorre oant ûngefear 2000. Dêrnei kaam der hieltiid mear aksje tsjin it roken. No yn 2023 kin men sich net mear foarstelle dat men oeral rookte. 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend

Relatearre ynformaasje


Finsters