21. De húsfrou

21. De húsfrou
©: Jetske Santema

Snypsnaren troch Jan Hiemstra 
De húsfrou
De measte froulju wiene ‘húsfrou’. Sy wiene thús en de manlju der op út: dy wiene kostwinner. Yn de middenstânshúshâldingen en by de komelkers wie dat wat oars; dêr hie de frou in dûbeldrol: de húshâlding en it bedriuw. Mar yn alle gefallen moasten de froulju der foar soargje dat de húshâlding op oarder wie. Hiene se foar harren trouwen in baantsje as faam by in ‘deftige ‘ húshâlding of op in buorkerij, of op in kantoar, of wiene se skoaljuffer: mei it trouwen wie dit meastal foarby. It wie sels noch folle gekker. Sadree de froulju trouden wiene se net mear ‘hannelingsbekwaam’. Dat stie yn de wet. Earst yn 1956 waard dizze wet ôfskaft. Foar dy tiid mochten troude froulju gjin bankrekken iepenje of sûnder tastimming fan de man op reis. Foar it dwaan fan de deistige boadskippen krige se húshâldjild en de goedkarring fan har man om dy te beteljen. De kostwinner koe dochs net de hiele dei thúsbliuwe! Hiene froulju foar harren trouwen in baantsje by de oerheid, of wiene se skoaljuffer, dan waarden se op grûn fan in wetlike regeling út 1924, dy ’t ûnder druk fan de tsjerklike partijen der kaam, op de dei fan harren trouwen ûntslein. Dan koene se in tawijde oare helte, mem en húsfrou wurde. Us lân wie jierrenlang in Saoedi Arabië oan de Noardsee!

 
It wurk yn ‘e hûs

Foar de measte froulju siet der dan ek neat oars op as de hiele dei thússitte èn de húshâlding dwaan. No wie dat lêste yn in tiid fan itensieden op in peteroaljestel en it mei de hân waskjen gjin sinekuere. Drokte wie der genôch, want de bern kamen der meastal ek al rillegau.…

De measte froulju hiene in fêst libbenspatroan. Moarns man en bern de doar út en dan yn ‘e hûs yn it spier. It begûn mei it ôfheljen en it opmeitsjen fan de bêden. It bêdeguod moast net te lang op in stoel yn de keamer mei de twa bedsteden stean. Dêrnei krige dy iene keamer de beurt. De flier mei de fliermatte ûnder de tafel en it swilk der om hinne, waarden mei feger en blik dien. Túch mocht der nearne lizze, mar ek de ruten moasten blinke. Dy ruten wiene faaks in putsje foar de freed. Dan krige it hûs in grutte beurt (it freedzjen). It wie krekt as der in hiele wike neat dien wie, mar je moasten foaral net bepraat wurde!


It middeisiten

Om tolve oere ‘hearde’ it waarmiten alle dagen op tafel. Heit en bern moasten ommers om 1 oere wer op it wurk of op skoalle wêze. Meastal waarden der moarns boadskippe. Benammen de winkelman (= kruidenier) stie dan op it programma. Bakker, slachter en grienteman kamen oan de doar. It tochtsje nei en de besite oan de winkel wie it facebook fan dy tiid. Je kamen de oare froulju tsjin en hearden lêste nijtsjes. In praatsje by it skoalplein kaam net foar, want de bern koene yn dy tiid, hoe lyts se ek noch wiene, de skoalle sels wol fine.

 
De grutte wask

De grutte wask op moandei wie in hiele put. Der wiene yn it doarp in tal fan froulju, sa as ‘beppe’ Gerritsje, de frou fan Sjirk Joustra, dy ‘t harren ferhierden om by grutte húshâldingen te waskjen. Dat barde allegearre mei de hân, en om de ‘flekjes’ goed út it guod te krijen hie de wask faaks al in hiele nacht sean. Hie dat dan noch net genôch holpen dan kamen benammen lekkens en ûnderguod simmerdeis noch op de bleek om it spierwyt te krijen en de lêste flekje troch de bakkende sinne ‘wegwerke’ te litten. Stel je foar: gjin waskmasine, gjin dwinger, gjin sintrifúzje, gjin drûger en dan allegearre fan dat grouwe wollen en katoenen guod.              

Alle wiken wie de grutte wask it ûngetiidzjen foar de húsfrou, want as der wasken wie, moast it guod noch droech, strutsen en yn de linnenkast. 


 Húshimmelje

It jierlikse hichtepunt wie it húshimmeljen. It opbergjen en it pleatsen fan de kachel bepaalde dit wurk yn maitiid en hjerst.

De kachel baarnde nea te lang, want brânstof wie djoer. 1 april wie wol sa ûngefear de datum wêrop de kachel it hûs út moast. Oer in kâlde aprilmoanne waard net skiterich dien; de wenromten wiene lyts, sadat je gau wat waarmte fan inoar hiene. Op skoalle mochten je soms yn de klasse de jas oanhâlde. 


De kachel en de pipen waarden himmele, yn it kachelpoetsersguod setten en goed droech opburgen. Trochruske pipen wiene in kostepost dy ‘t men foar wêze moast. Wie de kachel út de keamer dan gong it los. Mei de reade bûsdoek om it hier en reagebol, biezem, feger en blik, spûns en lear yn de oanslach waard de oanfal op túch en spinnen ynsetten. Wie it in moaie sinnige dei dan waarden de matrassen (by guon noch striesekken) bûten op skammels lein en koe it focht der útbakke. Se waarden goed opskodde en sa ‘n earste nacht dêrnei sliepte it ‘salich’. Ek de tekkens moasten in beurt ha: earst oer it rak of de hage en dêrnei útslaan. De oerklaaide tekkens dy ‘t yn de winter de kjeld tsjinhâlde moast (waarm, mar swier) koene opburgen wurde. Yn in hûs sûnder sintrale ferwaarming, mei inkeld glês en in sigerich dakbeskot wiene wollen tekkens net genôch om winterdeis op bêd waarm te bliuwen.

De matte út de keamer, de loper út de gong en de fliermatsjes krigen allegearre in beurt. Se waarden foaral mei de matteklopper bewurke en soms op it stalt útspield.
As alles ‘sa goed as’ út de keamer wie waarden solder, kastdoarren en ruten ôfnommen. In heal jier de kachel en in rokende heit stiene boarch foar in giele oanslach. Mei tank oan de griene sjippe rûkte alles dan wer fris, mar soks duorre net sa lang.

 
Dy ‘hannelingsûnbekwame’ húsfrou, dy ‘t ynterieurfersoarchster, kûpeuze, sjef-kok, maatskiplik wurkster, pedagooch en húshâld ekonoom wêze moast, droech in grutte ferantwurdlikheid om de húshâlding foar inoar te hâlden. It wie wurk sûnder status.

As mem oan de ein fan de dei dan noch net hielendal ‘kapot’ wie en as it lije koe gong se meastal winterdeis ien jûn yn de wike nei de frouljeferiening en hie se nocht oan mear útspattingen, dan koe se nei
it koar (Halleluja) of de gymnastykferiening ta.

>>Foto: Advertinsje út de Zakenkompas fan oktober 1952. Houtsma wenne op de Foarbuorren 25 en hie dêr in winkel. It is skean tsjinoer it kafee, neist de brêge.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


Finsters