20. It 'fine' Easterein

20. It 'fine' Easterein
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra 
Aldjiersjûn 2016 siet ik yn Easterein yn de preek en doe skeat my yn it sin dat eartiids wolris sein waard: ‘Komsto út dat fine Easterein’. Mei in 35 minsken yn noch mar ien tsjerke koe ik my dêr neat by foarstelle. 

 
Gjin merke, mar oranjefeest

Easterein hie gjin merke, mar wol oranjefeest en dat ek noch net elk jier. It doarp wie dan fersierd en by de ynfalswegen stiene de fan juffers boude en mei dinnegrien en papieren roazen fersierde ‘poarten’. Moarns gong de optocht mei it korps der foar troch it doarp. Op it ‘Dobbelân’ wiene de spultsjes en waard der keatst. Der wie gjin draaimûne, gjin sweef, gjin … en neam mar op. Yn al dizze saken siet de duvel en dêr hiene se yn dit doarp it mier oan. Ein 19e iuw wie de tsjerklike macht yn de grutte tsjerke fan de ‘frijsinnigen’ nei de ‘otterdoksen’ oergongen (grifformearden wiene der doe noch net) en sûnt dy tiid wie alles wat op de merke like Sodom en Gomorra. Ik ha âlde minsken noch fol fjoer fertellen heard, dat se it foarinoar krigen hiene ‘dy sweef’ út it doarp te krijen. 

 
It sportterrein net op snein

Nei de oarloch kaam it sportterrein der op tsjerkelân. De tsjerkfâden, de ferhierders, soene it brûken op snein nea tastean. De nij oprjochte fuotbalklup die mei yn de sneonskompetysje. 

Keatst waard der likemin op snein. Doe ’t it sneinskeatsen oan de oarder kaam besleaten de leden dat soks net út namme fan de feriening op snein mocht, mar in yndividuele keatser mocht it sels witte. Soks wie lykwols noch net sa maklik, want it kaam foar dat sa ’n yndividuele keatser de priis op snein wûn. Dy keatser doarst dan net mei de krâns om it doarp yn te kommen. 

 
De sfear yn it doarp

De tsjerke hie hiel wat yn de molke te brokkeljen; sa besiet de herfoarme tsjerke de herberch, huzen, pleatsen mei lân en strjitten.  Dy tsjerke stie foar de sneinsrêst en as der oer ien saak tusken de herfoarmen en grifformearden gjin ferskil fan miening wie, dan wie it wol it hanthavenjen dêrfan. It hantsjefol menisten, dat yn Itens nei tsjerke gong en de minsken dy ’t ‘neat’ wiene, moasten harren hjir mar yn skikke. De iepenbiere skoalle wie troch in tekoart oan learlingen al op 1 april 1934 opdoekt en dêrút die ek wol bliken dat de net tsjerklike macht dy ’t yn oare doarpen de merken en it keatsen organisearre, te lyts wurden wie! Neffens Geert Mak ferdwûn God út Jorwert; sûnt ein 19e iuw ferdwûn de frijsinnige libbenshâlding út Easterein. Miskien kaam dit wol om ‘t herfoarmen en grifformearden tsjin inoar opbokse moasten om te toanen dat se beide wol rjocht genôch yn de lear wiene.

 
It doarpslibben

De measte minsken libben neffens in fêst patroan. Troch de wike ‘gewoan’ oan it wurk en op de ‘dag des Heeren’ it besykjen fan de preek, it praatsje op it plein en it kuierke. It kafee wie al fan sneontejûns 22.00 oere ôf ticht! Nei it jûnsiten op sneintejûn kaam der fan ús mem altyd in sucht fan ferlichting: no is de snein wol wer foarby en hoech ik my net mear te ferfelen en kin ik wol mei de tarieding fan de wask op moandei begjinne.

Mar ek bûten de snein om namen de tsjerke, it leauwen en de gewoanten in belangryk plak yn it doarpsfermidden yn.

 
De kristlike libbenshâlding

It sicht hâlden op it ivich libben wie wol de libbenshâlding yn dit doarp. En dêr moast wat foar dien wurde! Soks barde net allinne yn de tsjerken en de húshâldingen, mar ek op skoalle en ferieningen.

De measte stellen wiene tsjerklik troud. Ien fan de troubeloften wie de bern kristlik grut te bringen. Dat betsjutte dat de bern doopt waarden en der yn de húshâlding in kristlike sfear hearske. Mei it trouwen krige it jonge stel in Bibel. Heit lies dêr nei it waarme miel út foar, mar by guon barde soks faker. Foar elk miel waard bidden en dêrnei ‘dankt’.

Foar't de bern sliepen gongen learden se harren fertrouwen op de Hear te stellen. Ûnder lieding fan mem waard nei de leppel levertraan mei in puntsje sûker it ‘Ik ga slapen ik ben moe, ik sluit mijn beide oogjes toe, Heere houdt ook deze nacht over mij getrouw de wacht’ songen, om dêrnei nei in dei fan boartsjen de nachtrêst te finen.

 
De Skoalle

De  ‘School met den Bijbel’ wie in kristlike skoalle, oansletten by de herfoarme feriening foar Christelijk Volksonderwijs. De bern waarden hjir yn deselde sfear as thús grutbrocht. De godstsjinst wie in belangryk ûnderdiel fan it lesprogramma. De skoaldei waard mei gebed begûn en einige. Yn it earste healoere waarden in psalm- of gesangfers songen, in ferhaal út de Bibel ferteld, psalmferskes, dy ’t út de holle leard wurde moasten, oerheard. As de learlingen fan skoalle kamen krigen se in bibeltsje mei. 

 
De tsjerken

Yn beide twa tsjerken waard sneins twa kear preke. De grifformearde tsjerke wie sawol moarns as middeis goed beset. De húshâldingen sieten byinoar yn ‘famyljebanken’. De besetting yn de herfoarme tsjerke wie moarns goed, mar middeis wie dat wat minder. Yn bysûndere tsjerketsjinsten waarden de bern doopt, diene nije lidmaten belidenis en waard it hillich nachtmiel (= avondmaal) fierd. Troch de bern te dopen makken se diel út fan fan de tsjerklike mienskip en troch as jong folwoeksene belidenis te dwaan joegen dy bern letter oan dat se by de tsjerke hearre woene. Mar foar't it sa fier wie hiene de jongelju in tal fan jierren op kategisaasje, mei as úteinlik de belideniskategisaasje, sitten.  Dêr waard oan de hân fan de kategismus útiensetten wat it leauwen ynhâldt en waard de kennis oer bibel en tsjerke ferdjippe. 

 
De ferieningen

Yn tal fan ferieningen wie de ynfloed fan de tsjerke grut. De jongereinferieningen, skieden yn grifformeard en herfoarme, wiene op it geloof en op de maatskippij tariedende ynstituten. In diel fan de jûn bestie út in Bibelske ynlieding en in diel út maatskiplike foarming en ferdivedaasje. Foar jongelju dy ’t allinne mar leger ûnderwiis hiene, wie dit fan it grutste belang. Ek de frouljusferieningen (apart foar herfoarmen en grifformearden) en de grifformearde manljusferiening wiene fan belang foar de foarming fan de leden.

By guon ferieningen, sa as it muzykkorps Wilhelmina en de sjongferiening Halleluja, stie it wurd ‘kristlik’ yn de grûnslach en de namme. By oare ferieningen wie dat net sa, mar der waard net tsjin de Eastereiner gewoanten yngongen. 

 

Foar âldere Eastereiners sil it boppesteande herkinber wêze; jonge en nije Eastereiners ha dit miskien mei ferwûndering lêzen. En as it doarp ‘in fyn’ doarp wie of is moat elk sels no mar ris betinke.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra

Relatearre ynformaasje


Finsters