16. Klokkenlieden

16. Klokkenlieden
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

De klokken
It swiere lûd fan de toersklokken is al hûnderten jierren yn doarp en gea te hearren. Dit lûd is dúdlik oars as dat fan de klokken út de doarpen om ús hinne. Ieuwenlang ha dizze klokken de doarpslju oproppen om nei tsjerke te gean, om harren wurk te begjinnen en te beëinigjen, en om freugde en drôfenis mei inoar te dielen. 

Columbus ûntduts yn 1492 Amearika, Karel V waard yn 1500 yn Gint berne en Luther spikere yn 1517 syn 95-stellingen op ‘e doar fan de slotkapel te Wittenberg. Doe hong der yn de Eastereiner toer al in sûnt 1468 troch Steven Buytendyc getten klok fan 1658 kg. De lytse klok mei in gewicht fan 1360 kg, is fan Jacob Noteboom en hinget sûnt 1645 yn de toer. As dy klok yn de toer komt is de 80-jierrige oarloch noch net oer (1648), mar de tsjerke is sûnt 1580 al net mear roomsk.

 
It deistich gebrûk

Pake Jan Yemes Hiemstra wie nei de oarloch kloklieder; hy hie syn heit Yeme Hiemstra opfolge en ús heit folge him op. In kloklieder moast ien wêze dy ’t altyd thús, en in man fan de klok wie. It lieden waard noch mei ‘de hân’ dien.

Om ’t ús heit kloklieder wie, moast ik doe ’t ik it yn ‘e macht hie, wol gauris liede. Troch de wike barde dit om acht, tolve en seis oere mei de lytse klok. De toersklok wie der foar de tiid, want lang net elkenien hie in horloazje en de wizerplaat op de toer wie yn de fierte net te sjen. Tolve oere moast elkenien oan de ierappels en seis oere oan de bôle sitte. 


It sneinslieden

Mei in bytsje fantasy kinne je sizze dat de snein mei it lieden fan de grutte klok op sneontemiddei by it ûndergean fan de sinne begûn. It wie it begjin fan de nije dei. Seis oere waard der dan net let.

Sneins koe de kloklieder sawat yn de toer wenjen bliuwe. It begûn moarns om sân oere mei de grutte klok. Foar wa ’t dan noch net wekker wie folge om acht oere de lytse. Simmers kertier foar en winters kertier oer njoggenen bongelen beide klokken tagelyk as oprop foar de preek. Om tolve oere rôp de lytse klok de minsken foar it waarme miel en as dat goed en wol efter de knopen wie waarden beide klokken kertier oer ienen let as oprop foar de middeispreek. Om seis oere waard der dan noch ienkear let.

It tsjerkelieden wie spesjaal foar de herfoarmen, mar yn de praktyk pasten de grifformearden harren mei it begjin fan harren preken dêr oan oan.
Dit is de klok dy ’t út 1645 fan Jacob Noteboom. De namme is yn de klok getten. De râne is net hielendal geef. Dit kin ‘oarlochsskea’ wêze.

 

 

 
It bysûndere lieden

Der wiene ek noch hiel wat bysûndere omstannichheden dat de klok let waard sa as by de befrijing en letter de deadebetinking op 4 maaie. It lieden fan de klok yn de krystnacht en fan âld op nij is in opstiging út lettere tiid. Ûnder de krystdagen waard der ek hiel wat ôflet. Op earste krystdei wie der twa kear preek en op twadde krystdei ien kear. As de krystdagen dan foarôf gongen oan in snein of nei in snein kamen, dan hie de kloklieder gjin rêst.

 
Kloklieden en ferstjerren

By in stjergefal en de begraffenis dêrnei waarden de toersklokken net sparre. Yn normale omstannichheden waard de ferstoarne moarns fan acht oant njoggen oere belet. By in man waard der mei de grutte en by in frou mei de lytse klok begûn. Bern waarden in heal oere belet: fan acht oant healwei njoggenen. 

Soms letten de klokken fan trije oant fjouwer oere foar ien fan bûten it doarp. Dit wie meastal in âld Eastereiner dy ’t der noch in grêf hie.

 
De begraffenis

It lieden fan de klokken wie in ûnderdiel fan de begraffenis-seremonie. As de roustoet by de Ald Skoalle formearre waard kaam de boade efkes om ‘e hoek, stuts de hân op en sadree de stoet om ‘e hoeke kaam begûn it lieden. By in begraffenis út de grifformearde tsjerke waard de hân opstutsen fan ôf de brêge oan it begjin fan de Grieneleane en begûn it lieden sadree ‘t de stoet op de brêge wie. 

As de stoet op it tsjerkhôf kaam moast der earst trije kear lâns it iepen grêf rûn wurde. Dêrnei gongen de minsken it tsjerkhôf op. As de stoet rûnom it grêf opsteld wie swijden de klokken. Nei de plechtichheid op it tsjerkhôf moast de stoet noch ien kear om it tsjerkhôf hinne om it iepen grêf foarby te rinnen. Dêrnei gongen de minsken nei de Ald Skoalle en as de lêsten om de hoeke wiene hold it kloklieden op.

Soms waard der let by in begraffenis fan ien fan bûten it doarp. Fan ôf it komboerd rûn de boade foar de lykauto út en ûnder it lieden fan de klokken waard de kiste nei it grêf brocht.

 
De klokken yn de oarloch 

Oarlochstiid is in minne tiid foar de grutte brûnzen klokken. Der binne dan altyd tsjustere krêften dy ’t se derút helje wolle en se omsmelte ta kanonnen. Neffens F.K. Reitsma (sjoch side 384 fan Easterein) is de jongste klok út 1645 yn it plak kommen fan in eardere klok ‘Grif is in eardere klok opeaske om der kanonnen fan te meitsjen, want dy waarden fan frijwol itselde materiaal makke: in legearing fan koper en brûns.’ Yn 1943 is dy lytse klok út de toer helle. Neffens de Klokkenferoardering út 1942 – 1943 wie dizze klok net it alderbelangrykst. By de grutte klok wie in sertifikaat wêrop oanjûn waard dat de histoaryske wearde hiel grut wie en de klok dêrom net út de toer helle wurden mocht. It wie de bedoeling de klokken ôf te fieren nei Hamburg en dêr om te smelten. It brûns bestie foar sa ‘n 80% út koper en sa ‘n 20% út tin en wie foar de oarlochsyndustry fan belang: it koper foar de kanonnen en it tin …. foar de konserveblikjes mei de foarrieden fan de Dútske soldaten. 

 
Nei de oarloch

De Eastereiner klok hat de oarloch oerlibbe. Yn 1946 ferskynt der yn de krante dat der yn Harns in skip mei in 150 Fryske klokken leit. Dizze hiene yn in depot yn Meppel opslein lein en wiene oan de ein fan de oarloch noch nei Hamburg ferfierd. By dizze klokken wie de klok út ús doarp. As jimme de foto besjogge dan is te sjen dat de râne fan de klok in opdonder hân hat, mar hy is wer yn de toer kommen. Nuver genôch ha ik dêr neat oer fine kinnen, mar ik wit dat ik as lyts jonkje by ús mem oan de hân foar de slachterij fan ‘âlde’ Lolke Bouma stie en seach nei it optakeljen fan de klok yn de toer. Neffens my is it oan it mitselwurk binnenyn de toer op ‘e hichte fan de kloksgatten noch te sjen dat der stiennen út west ha. 

 




© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s