10- 11. In bern út de oarloch

10- 11. In bern út de oarloch
©: Jan Hiemstra

Snypsaren troch Jan Hiemstra

Dick de Waal, in Amsterdamske oarlochs jonge
Op 5 maaie wurdt jierliks noch altyd de ‘nasjonale’ befrijing fierd. Fryslân waard al op 15 april befrijd doe ’t de Kanadezen Ljouwert ‘ynnamen’. Ferline jier ha wy ‘de befrijers’ by wize fan betinking troch Easterein riden sjoen. Foar my in bysûnder momint. Lâns it plak der ’t ik yn april 1945 as lyts mantsje op de leuning fan de brêge op it Plein stie, kamen no wer ‘deselde’  befrijers lâns. Doe stie ús mem neist my en ‘ús’ Amsterdamske oarlochs jonge Dicky de Waal. Dizze jonge wie yn begjin febrewaris 1945 by ús kommen en oer him wol ik it no ha.

 
Stêd en oarloch

Dicky wenne yn de oarloch mei heit en mem, en suster Loes oan de Geuzekade yn Amsterdam. Yn 1944 begong mei D-day de befrijing fan Europa. It suden fan ús lân wie ûndertusken befrijd. Mar yn de grutte stêden yn it westen kniep it botte. It iten wie krap, mar koe troch in systeem fan bonkaarten en ‘gaarkeukens’ noch reedlik ferdield wurde. Der wiene lykwols tal fan Amsterdammers dy ‘t der op útlutsen om harren besittingen op it plattelân te ferruiljen tsjin iten. Dat die de heit fan Dicky ek. Op in fyts mei kusjebannen gong er nei de boeren en hie dan sâlt by him om te ferruiljen. Hy wurke op in bedriuw dat kowefellen opkocht en om dy dan goed te hâlden waarden se yn it sâlt setten. Fan kowefellen wurdt lear loaid en de Dútsers hiene dêr belang by. Dêrom waard der dan ek sâlt beskikber steld. Om dan de need wat te ferlichtsjen ‘mochten’ jo wol wat sâlt meinimme! Oan de ein fan de fytstocht kaam heit De Waal faaks mei in sekje weet (=tarwe) thús.  Yn de kofjemole waard it meald en der koe dan wer wat fan bakt wurde. 

 
De hongerwinter

It begûn lykwols hieltyd mear te knipen. It sop út de ‘gaarkeuken’ waard wetteriger, mar je hiene dan dochs wat yn de mage. As de panne der ’t Dicky’s mem mei út de ’gaarkeuken’ komt har foar de foardoar út de hannen glûpt, wurde de leppels derby pakt en leit de húshâlding op knibbels om de restanten fan ôf it trottoir op te iten. Elkenien hie honger, want der wie net mear genôch. Loesje gie sa no en dan troch bemiddeling fan de tsjerke út iten by minsken der ’t noch wat wie. Mar ek de opgroeiende Dick waard in oanslach op de itenspanne. Ek hy mocht wolris earne oars út iten oant yn de Watersgraafmeer (de plak fan it âlde Ajaxstadion) ta. Yn in tiid dat de trams net mear rieden en der gjin fyts mear te besjitten wie, wie soks in ein rinnen foar in jonkje mei de honger yn de hals.

De minsken hiene net allinne honger, mar se hiene it ek kâld. Brânstof wie der net mear en oeral der ’t yn Amsterdam noch in stikje hout te finen wie waard it sloopt. Dan jilde ek foar de trambylzen. Dêr siet dan ek noch tarre yn en dêrtroch woene se noch better brâne yn de needkacheltsjes dy ’t fan âlde blikken makke wiene. Yn dy kacheltsjes hoegde net in soad brânstof en se koene ek noch brûkt wurde om wat op te sieden. As it koe waard der in ‘lekkernij’ makke troch bygelyks sûkerbyt te ‘stoken’ (op it fjoer ‘sudderje’ te litten). Dat waard dan in soarte sjerp en dat koene de minsken dan ite.

 
Fuort 

Mar it koe sa net langer no ’t der hieltyd minder iten, gas, elektrisiteit en brânstof foar de gewoane Amsterdammers wie. Dan moatte je wat. Heit en mem De Waal wiene sliepende leden fan de ‘Nederduits Hervormde Kerk’ sa as Dick my letter fertelde. De Amsterdamske tsjerke besocht plakken te finen yn dy dielen fan it lân der ’t it iten net krap wie sa as op it plattelân fan Fryslân. Dêrom kaam Fryslân yn oanmerking foar it opnimmen fan Amsterdamske bern. Heit en mem De Waal besprieken mei de 11-jierrige Dick dat dit it bêste foar him en de húshâlding wie. Hy soe syn bonkaart meikrije yn de hoop dat dy by takomstige pleechâlden net nedich wie. De bonkaart koe dan wer nei Amsterdam stjoerd wurde, sadat heit, mem en Loes wat ‘mear’ krije koene.

 
De tarieding fan de reis

Fan út Amsterdam-Súd rieden der frachtauto ’s oer de Ofslútdyk nei Fryslân. Op de laadbak fan de frachtauto wie in ‘kape’ boud tsjin rein en sinneskyn. It earste part fan tocht waard lykwols rinnendewei fan de Geuzekade nei Amsterdam-Súd ôflein, mei in kofferke mei wat klean, in bonkaart en in stamkaart der yn, yn ‘e hân. As je dan yn Súd kamen wiene je der net wis fan dat de frachtauto ek ried. Wie it waar te moai dan wie it risiko te grut dat de auto op de Ofslútdyk troch Ingelske jagers besketten waard. Trije kear hat Dick mei de honger yn de hals de tocht Geuzekade Amsterdam-Súd makke en trije kear moast er wer werom om ’t it te gefaarlik wurde koe. Trije kear fiif kilometer hinne en fiif kilometer 

 
De boatreis

Nei dy trije kear waarden de beakens fersetten. It waard net mear in reis mei de frachtwein, mar mei in boat. Efter it Sintraal Stasjon, yn it IJ lei begjin febrewaris 1945 de boat klear om de bern nei Fryslân te bringen. Dick giet hjir no hinne en as de boat 5 febrewaris yn de middei fuortgiet is it min waar. Oan boat is der strie útstruit yn it rom fan it skip en dêryn kinne se dan lizze. Dan stiene der noch in pear grutte tonnen om te ‘skiten en te spuien’. Fia de Oranjeslûzen, it Iselmar en Koarnwertersân gong de boat nei Harns. Troch it oerstjoere waar gong it skip nochal op en del en waarden hiel wat bern ‘seesyk’. De tonnen rekken al gau fol en de stank wie net mear te fernearen. Dick gong dan ek nei boppen om, al hoe siik er ek wie, dochs mar leaver yn de frisse lucht te stean.

 
Yn Harns

Nei in nacht farren kaam de boat yn Harns oan. De bern mochten fan boat en waarden opfongen yn in gymnastyklokaal. Der stiet it iten klear: wite bôle mei leverwoarst. Se meie safolle ite as se kinne, guon kinne gjin maat en wurde sa siik as in hûn. Dy earme maachjes wiene gjin iten mear wend. De bern hiene gjin idee wat der no fierders mei harren barre soe. Nachts sliepten se yn de skoalle. De oare moarns waard der in seleksje makke en waarden se op in feewein setten om ‘útsutele’ te wurden . Sa kaam Dick mei in stel foar him ûnbekende bern foar in ûnbekende takomst yn Easterein. 

 

>>>>>>>>>>>>>>>>>>>In dezelfde periode arriveerde er een paar maal een transport met kinderen uit de Randstad. Ze kwamen per schip in Harlingen. Op 9 februari kwam het eerste transport van 280 kinderen. Ze werden in Harlingen opgevangen in de R.K. Huishoudschool en doorgestuurd naar andere plaatsen. Aangezien Harlingen, evenals de eilanden, gold als Sperrgebiete mocht de stad zelf geen vluchtelingen opnemen. In februari en maart zijn er enkele van dit soort transporten geweest. “Als wassen beeldjes heb ik ze zien liggen in het stroo van het St. Anna-gesticht. En overdag zaten ze er. Veertig tot vijftig kinderen in één schoollokaal. En ’t was er stil….Geen stoeien of ravotten, geen kwajongensstreken. Als ze eten zagen, glansden de gezichtjes. Thuis kregen ze suikerbieten, vertelde een klein meisje me. Rauw, maar soms ook gestoofd, als peertjes. Dat was lekker! En soms kon moeder ook wel bloembollen kopen, maar niet dikwijls. Want daarvoor moest je heel lang in de rij staan”, schrijft De Noordwesthoek van 2 maart 1945.

Diel 2


Nei de pleechgesinnen

Yn Easterein waarden de bern, en dus ek Dick de Waal, ôflevere yn de beukerskoalle. (No it Kniplokaeltsje.) Ek hjir stie it iten klear. In bus mei molke fan de ko en bôle; dreech iten foar guon dy ’t neat mear wend wiene. Nei ferrin fan tiid waarden de nammen fan bern en pleechâlden ôfroppen. Dick moast nei Pieter en Jantsje (Hiemstra). Dy reis wie net sa fier. Mei it kofferke yn de hân gong er oer it giel stiennen paadsje, lâns de skoalle en oer it brechje nei de helte fan wat no ’t Heechhiem 7 is. Letter sei Dick tsjin my: ‘Ik mocht tussen hen inlopen en dat gaf me een geborgen gevoel’.

Doe waard Dick siik. De reis út Amsterdam, de nacht oan boat, de nacht yn Harns en de tocht nei Easterein hiene foar in jonkje fan goed alve jier mei in strieminne kondysje, tefolle ferge. Dokter Hofstee moast komme en dy konstatearre hongeroedeem. It lichem siet fol swollerij en wie opset. Us mem hat Dick opwoutere. Hy koe allinne noch mar poppe-iten ferneare.

 
Yn Easterein

Dick kaam der wer boppe-op. Hy moast ynboargerje en wenne oan it doarpslibben. De famylje De Waal wenne yn Amsterdam oan de Geuzekade yn in nijbouwente op de earste ferdjipping. Dizze bestie út twa sliepkeamers, in keamer-en -suite der ’t Dick sliep, in keukentsje, in waranda mei de ‘koalekast’, in lyts balkontsje en in dûs. Foar de fytsen wie gjin romte; dy moasten alle jûnen de trep op tôge wurde.
Mar der ’t er kaam wie net mear romte: in gonkje, in keamer mei twa bedsteden en in kast der tuskenyn, ûnder de bedsteden de kelder. Oan de ein fan de gong de trep nei boppen en op de souder in sliepromte: it krûpyntsje, dat foar Dick wie. Mar de fyts hoegde yn alle gefallen net nei boppen, want dy koe yn it ‘skuonmakkershokje’ op de grûn.

 Nei skoalle

It oanpassen fan bern giet it hurdst as se nei skoalle geane. As jo as Amsterdamske jonge yn in plusfourpakje (mar wol op klompen) tusken de Fryskpratende doarpsbern komme, dy ’t ek noch Frysk praten bliuwe, dan is soks in hiele oergong. Dick sei it sa: ‘Toen ik er kwam wist ik niet eens wat de Friese taal was; de hele wereld was Amsterdam!’

Net allinne it Frysk wie in probleem, mar ek de klasse der ‘t Dick yn moast. Hy bedarre fan in septimber- op in april skoalle. Wie er no sechsde- (groep acht) of fyfde- (groep sân) klasser? Hy siet op in iepenbiere skoalle en kaam op in kristlike skoalle der ’t de dei mei gebed en it sjongen fan in psalm- of gesangfers begûn waard. Dêrnei waard in ferhaal út de bibel ferteld. De skoalle moarn waard mei gebed ôfsluten om middeis wer mei gebed iepene te wurden om oan de ein fan de middei mei gebed ôf te sluten. Soks wie wol in hiele nije gewaarwurding. En dan moasten je ek noch ‘psalm’ferskes út de holle leare.


Bûten de skoalle

It libben wie mear as allinne skoalle. Neffens Dick koe er yn in koarte tiid Frysk prate. Hy boarte folop mei de bern en wit him de nammen fan de Vollema ’s en Folkert Faber te herinnerjen. Mem, ‘tante Jans’, stjoerde him nei de winkellju om boadskippen en dat kaam altyd goed. Dochs bleau hy de stedsjonge; syn mem hie syn bêste klean yn it kofferke dien. En dan kinne klompen it stedske net hielendal maskearje.

Al gau moast Dick melkerstiid mei in molkammerke yn de hân nei de pleats fan Sake van der Veer (no de wenbuorkerij oan de ein fan de Stittenserleane). Der moast molke helle wurde, net allinne om te drinken mar ek foar it meitsjen fan bûter. Fermaaklik foar Dick wie dat de molke mei in mingel (= liter) út de bus helle waard. Dick makke safolle ‘nije’ dingen mei dat er him nea ferfeelde. Dan efkes by de smid lâns om te sjen hoe ’t in hynder beslein waard, dêrnei by ‘oom Piet’ yn de skuonmakkerij sitte der ’t doe twa feinten oan it wurk wiene om âlde skuon op te laapjen, mei nei de needslachting yn Wommels, by Sake van der Veer oan it wurk om mei in nuet hynder foar de swylmasine de lêste bytsjes hea byinoar te harkjen en de hikke foar de kij iepen te hâlde. Allegearre saken der ’t in stedsjonge net fan wist dat se bestiene.

Sneins wie it hiel rêstich yn it doarp. Ek Dick moat sneins nei tsjerke, want dat moast elkenien.

 Ein fan de oarloch

Op 15 april 1945 waard Fryslân befrijd. Troch Easterein lutsen de Kanadeeske tanks dy ’t fan de Wommelser kant it doarp binnen kamen. Op it Plein stiene ús mem, Dick en ik! De Fryske befrijing wie sa 20 dagen foar de fiifde maaie, mar doe wie it oer. Dick hie wol nei hûs kinnen, mar yn Amsterdam wie ek fan alles neat. Dêrom is er oant ein augustus ta yn Easterein bleaun. Syn âldelju moasten de saken earst op oarder ha. Dick wie er yn Easterein net ûnwennich en dat sil ek in reden west ha om noch in skoftke te bliuwen. ‘Ik pas mij gemakkelijk aan’, is syn sizzen. 

 
Kontakten mei thús

Yn de oarloch wie der sa no en dan oer de post kontakt mei syn âldelju. Yn it foarste plak moast de bonkaart weromstjoerd wurde, want dy wie hjir net nedich. Heit De Waal hat twa kear op de fyts fan út Amsterdam op en del west om by de soan op besite te gean. Doe ’t oarloch foarby wie kamen heit, mem en suster Loes by ús op besite. Der waard in boatsje hierd fan Rinze Sijsling, en …. al roeiende nei Wiuwert fearn. It heucht my noch om ’t ik de hiele tiid mei myn hannen troch it wetter sljurke en giele plompen út it wetter besocht te ‘plukken’. It hichtepunt fan de reis waard in besite oan de mummys. Ik ha der gjin kompleks fan oerhâlden.

 
Wer werom

Ein augustus 1945 gong Dick werom nei Amsterdam. ‘Oom Piet’ brocht him mei de boat fan Jaring Postma nei Snits. Dêr waard de doe yntusken tolfjierrige Dick op de boat nei De Lemmer setten en yn De Lemmer moast it mantsje him mar rêde om mei de Lemsterboat yn Amsterdam te kommen. Doe ’t er wer yn Amsterdam kaam wie it in hiele oare Dick. It donkere hier wie troch it bûtenlibben blond wurden en de ûnderfiningen yn Fryslân wiene djip yn de siel griffe. 

Nei 70 jier sjocht Dick noch mei tankberens werom op de tiid dy ‘t er yn Easterein trochbrocht hat. It wie in moaie maitiid en in moaie simmer. As ik yn Amsterdam bleaun wie, hie ik der net mear west!

 


 

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra

Relatearre ynformaasje


Finsters