Wynserdyk, It Steechje

Wynserdyk, It Steechje
©: Berend Santema

It Steechje ferbynt de Wynserdyk mei de Grieneleane. It grutste part fan de wenningen dy 't oan it Steechje boud binne, hearre by de Wynserdyk. In pear huzen tsjin de Grieneleane oan, hearre by de Grieneleane. Om't de huzen 7 oant 27  by de Wynserdyk hearre, komt de nûmering fan de huzen oan de linkerkant (fan it kafee ôf nei Hidaard) folle heger út as oan de rjochterkant. Links is húsnûmer 55 it heechst, rjochts is nûmer 30 it heechst. 

Krekt foarby hûsnûmer 7 stie begjin 1900 in stek as ôfsluting fan it paad. It Steechje hat oant 1960 ûnferhurde west. Yn de jierren 60 fan de foarige iuw is dat feroare. De Gemeente Hennaarderadiel makke de ôfspraak mei de bewenners, as sy de kosten fan it betegeljen op har nimme soene, de gemeente it ûnderhâld oernimme soe.

Paraplu

Healwei it Steechje stiet in bysûnder bouwurk. It wurdt yn de folksmûle de Paraplu neamd. Dat is te tankjen oan de foarm fan it dak. It binne 4 huzen ûnder ien dak.

Colofon

Boek Easterein


© Tekst: Jetske Santema - © Foto voorblad: Berend Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s

Foto fanút de loft fan it Steechje
Op de foargrûn Grieneleane 17. Dit hûs waard earder troch twa húshâldingen bewenne. Links de Paraplu, mei derefter de Grifformearde tsjerke en de pastorij ( plat dak). Op de eftergrûn de pleats f
De paraplu
Yn de Paraplu binne de fjouwer huzen nûmer 21 oant en mei 27 fêstige. It húzeblok is boud troch Hette Jongema yn 1904 op oankocht lân fan Durk de Gavere. Troch de dakkonstruksje krige it de namme
It Steechje
In smel paad dêr 't gjin auto komme kin.
Wynserdyk 7
Dit hûs wie oarspronklik yn twaen dield. Yn de iene helte wenne Sjirk Joustra (1884 - 1968) mei syn frou Geertje Zijlstra (1883 - 1960 ). Se kamen hjir te wenjen yn 1904. Yn de oare helte kaam yn 190
Wynserdyk 11-13-15
Dit gearfoege hûs, no Wynserdyk nûmer 11, bestie earder út trije wenningen. Op nûmer 11 wenne earder Jan Leeverink (1880 -1946) mei syn frou Fransje van der Sloot (1888 -1963 ). Hy wurke by de rei
De paraplu
Nûmmer 21 oant en mei 27
Wynserdyk 27
Tagong nei nûmer 27. Ien fan de fjouwer wenningen dy 't ûnder " de paraplu " ferbliuwe.
Trochsjen nei de Grieneleane
Wynserdyk 19
Dit hûs is boud yn 1895. De earste bewenners wiene Kornelis Nettinga (1869) en syn frou Froukje Krol (1869 ). Nettinga wie “ master ” op de Kristlike skoalle. Ek de bekende beukerjuffer Johanna P
Hok by Wynserdyk 19
It hok op it hiem fan Keimpe en Hiekje Meijer is it hok wat earder brûkt waard foar de opslach fan appels en parren út it hôf fan Anne Hingst. Hy hie in winkeltsje op 'e Grieneleane.
Fanôf Vrijburg nei It Steechje
Yn 1988, op it stuit dat de beukerskoalle ferkocht waard, woe de gemeente in tredde yngong nei it Steechje meitsje. Mei wat skowen fan grûn fan ûnder oare de famylje Meijer is dat slagge. Ek binne d