Deel:


Skoallestritte

Tusken de Grieneleane en de Sjaardaleane ha wy de Skoallestrjitte. Jierrenlang wie dat oars. Earst op 5 maaie 1960 waard dizze strjitte offisjeel iepene troch boargemaster Alta. De strjitte kaam foar in sintelpaad troch de greiden yn it plak. De bern hoechden dêrnei net mear oer dit paad mei oan beide kanten stikeltried om it fee tsjin te hâlden. De namme fan de strjitte wie kompleet nij, want oant dy tiid ta waard der sprutsen oer de Pôle of de Pôlehoeke en dêrmei waard it rychje wenten bedoeld dat begûn mei de hoekwent oan de Griene leane (no nr 5) en einige mei no nr 20 foar de strjitte Vrijburg. Vrijburg wie oarspronkelik de namme fan de acht keamerwenten dy `letter ôfbrutsen binne..


© Tekst: Jan Hiemstra

Skoallestritte
©:

Oanfoljende ynformaasje


Finsters | Foto's

Efterkânt hoeke Skoallestrjitte/Grieneleane
Fanút it súdwesten. Efterkant hoeke Skoallestrjitte en de Grieneleane. De tún op de foargrûn wie fan Anne Hingst. De opbringst wie foar de ferkeap.
Skoallestjritte foar de oarloch
De Pôlehoeke mei har bewenners plm. yn 1920 foar de oarloch. Doe hiene je yn Easterein noch grutte húshâldingen. It grutte frommis mei de hege mûtse op is Lutske Tiet. Sy brocht wetter út de tsje
Skoallestrjitte 16 foarkant
Dizze wenning is ôfbrutsen yn 1975. Oant dy tiid ta wenne hjir in komelker. Sa'n 5 kij hiene yn it hok links in plak. De romte foar it hok tsjinne as opslach foar it fretten. Op dizze foto kin men sj
Skoallestrjitte 16 efterkant
De efterkant fan Skoallestritte 16, ôfbrutsen yn 1975. Sûnt 1957, nei it ferstjerren fan Jan Jansen gjin komelkerij mear.
Nije trottoirs
Op strjitte oan it boartsjen, Jan van Asselt (grutste) mei Bauke de Boer. Rjochts stiet Bert van Asselt. En dan falt de winkel yn elektroanika (rjochts) fan Jouke Houtsma ek noch op.
Appelhôf
Njonken de 'húskes' it hôf fan Hingst. Yn desimber 1961 stie it hielendal ûnder wetter.
De húskes by Vrijburg
G. Van Asselt mei syn soannen Bert en Jan. Se steane foar de 'húskes'. Yn sa 'n húske stie in tonne dêr 't de minsken boppe sieten as se poepe of pisje moasten. De tonnen waarden meastal ien kear
De acht keamerwenten
Troch de snie rint in smel paad nei de skoalle ta. Dit paad giet foar it húske (de 'wc') lâns.
De romte foar de lettere Skoallestrjitte
Tusken Grieneleane (rjochts) en de lettere Andries Joustrastjitte (links) komt nei 1953 earst in paad dat letter de Skoallestrjitte troch it lân wurdt. Sa seach it der foar dy tiid fanôf de Slabatte
In eardere skoalle?
Skoallestjritte mei hûs fan pake Jan Yemes Hiemstra (allinne de romte efter it linkerrút oant de doar yn de steech). Der wiene ek noch fjouwer oare wenromten. Hjir wennen dus fiif húshâldingen. Fo
Paadsje op it plak fan de lettere Skoallestrjitte.
Persoanen ûnbekind. Wierskynlik bern fan Wobbe Jagersma.
Foar de Skoallestrjitte
Oer dit paadsje waard letter de Skoallestrjitte oanlein.
Skoallestritte
1958 Skoallestrjitte, it wie nog gjin strjitte mar in paad. Wer't no de Skoallestritte rint mei it trottoir boarten de bêrn mei hoepels. Ek de tuntsjes moasten belies jaan.
Skoallestrjitte
Wenhuzen fan earst Johannes Tijsma en letter Gerard van Asselt (links) en Jagersma en dêrnei Ype Joustra (rjochts) De elektrisiteitspeallen bepale it doarpsgesicht.
Skoallestrjitte
Yn 1968 wurdt Vrijburg oan de Skoallestrjitte ôfbrutsen. De muorre oan de kopskant stiet noch.
Petroaljekarke
Petroaljekarke fan Tinus Levering yn 1970.
Skoallestrjitte
De Skoallestrjitte is oanlein. Twa SDS-ers yn 1968 yn aksje: links Geert Hiemstra en rjochts Jan van Asselt.
Skoallestjritte Pôle 8 huzen
De ein fan de Pôle (letter healwei de Skoallestjritte) mei de acht keamerwenten der op. Yn 1960 waard de nije Skoallestrjitte iepene; dus dizze foto is earder makke. It paadsje rjochts rint nei de Gr
Skoallestjritte Pôle 8 huzen
De efterkânt (noardkant) fan de acht huzen op de Pôle.
Maaie 1956 op de brommer
Foar harren wenning op de Skoallestritte stiet Katharine Tijsma-Dolstra mei har buorfrou Baukje van Asselt. Op de eftergrûn de skuorre fan Age Jansen.
Ofbraak Vrijburg (Pôle)
1968 de ôfbraak fan Pôle yn de Skoallestjritte. De wenningen waarden ek wol Vrijburg neamd en stiene in eintsje foar de strjitte dy 't no Vrijburg hjit. De frijkommende grûn is opkocht troch Gerar
Ofbraak Vrijburg
De ein fan acht karakteristike Eastereiner wenten: in gonkje, in keamer en in solder, grutter wiene se net. En dan op 'solder in sket om fan de buorlju skieden te wêzen.
Skoallestritte
1961 Jan van Asselt op wei nei skoalle. Oan de linker kant is letter it Smidslân kommen. De skoalle stie doe noch fier bûten it doarp. It paadtsje troch it lân nei de skoalle is al ferfongen troch
Peteroaljekarre
Links Tinus Leeverink en Jan van Asselt by de peteraoljekarre,. Dêrtusken, mei de stap der yn, slachter Durk ten Dam. En dit yn 1970.
Skoallestrjitte 20
Yn 1971 wenne hjir de famylje G. van Asselt. Troch de ôfbraak fan de 8 keamer wenningen kaam hjir grûn frij. Der wie romte foar in oanbou en in garaazje.