Stittenserleane 27

Stittenserleane 27
©: F. K. Reitsma

Jellema Doytge lannen.

Dat is de namme dy 't mei de grûn en de pleats ferbûn is. Yn it jier 1511 komt dizze namme yn de akten foar. De pleats stiet op in part fan in grutte hege terp. De pleats leit oan de ein fan de Stittenserleane rjochting de Itenserfeart. It lân is eigendom fan de tsjerke en bestiet diels út Pastoralia. De eardere ûntsluting bestie út in paad oer Stittens. Dit paad is der net mear. De hjoeddeiske pleats is boud yn 1844.
De earste stien is lein troch Minne Ates Wiersma, doe twa jier âld. Minne Ates is in soan fan Ate Klases Wiersma. As boere-arbeider fan 22 jier troude er mei in rike âlde boerinne, Hyke Iemes van der Valk, sy wie (yn 1823) doe al 48 jier. Dêr kamen gjin bern mear fan.
Se komt yn 1831 te ferstjerren. Dêrnei trout de (erfgenamt) Ate Klases mei de folle jongere Lysbeth Minnes Oudhuis. Sy krije wol bern. Harren soan Minne Ates, ferneamd nei har heit, leit de earste stien.


1. Ate Klases Wiersma (* 1801 te Huins) troud yn 1823 mei Hyke Ymes van der Valk (* 1775 te Easterein ).
Hy wie de feint, sy brocht de pleats yn. Nei it ferstjerren ervet Ate de pleats en trout Ate Klases yn 1833 mei Liesbeth Minnes Oudhuis (* 1803) It is in respektearre man.
Hy is ek tsjerkfâd en komt yn in soad aktes foar. Harren soan folget harren op.

2. Minne Ates Wiersma (* 1842 te Easterein) troud yn 1862 mei Henriette Aleida Becking (* 1841 yn Goaiïngea) Har heit is de bekende dûmny Willem Arnoldus Becking.
Sels brocht de dûmny in besite oan it jonge pear. Ut de oerlevering wurdt ferteld dat der in giel klinkertpaad oanlein waard fan de pastorij rjochting de pleats. Dit rûn oer de pastoralia.
Nei alle gedachten is it âlde paad oer Stittens doe ferdwûn. De Stittenserleane leit op it âlde klinkertpaad. It pear krijt tegearre 5 jonges en 1 famke. Spitigernôch stjert Henriette op 32  jierrige leeftiid.
Yn 1875 trout Minne mei Sipkjes Gerrits Schaafsma (* 1851) Spitigernôch nei in jier komt Minne ek te ferstjerren op 34 jierrige leeftiid.
Wa 't dernei op de pleats wurke hat en de bern fersoarge hat, is net dúdlik. Wol dat Ate Minnes op 22 jierrige leeftiid op 'e pleats komt.


3. Ate Minnes Wiersma (* 1863 te Easterein) troud yn 1885 mei Sietske van der Valk (* 1865 te Easterein) Se krije tegearre 3 bern in famke dat jong stjert en twa jonges, Minne (* 1889) en Yme (* 1891 ). Mar de tsjinslach hâldt net op.
Ek Ate Minnes stjert yn 1894 as er 31 jier âld is.
Syn widdo trout op e nij yn 1895 mei Eliza van der Veer (* 1869 te Grou) Se ferhúzje nei Ald Hûs ûnder Lutkewierrum. De Jellema state wurdt ferhierd. Se krije tegearre noch in soan yn 1900, Sake van der Veer.


4. 1895: Gerrit Ymes Vellinga (* 1865 te Easterein) troud yn 1887 mei Hermina Minnes Wiersma (* 1868 te Easterein) Hermina is in suster fan de ferstoarne Ate Minnes.
Sy hiere de pleats oant 1917. Dan wurdt de hier opsein. Dat sil bêst soer west ha, it wie ek har âlderlik hûs.
Dit komt omdat Minne (* 1889) trout yn 1917 mei Willemke Schukken (* 1891 ). Sy sille buorkje op Ald Hûs ûnder Lutkewierrum.
En mem Sietske van der Valk mei har twadde man komme wer te wenjen op Jellema state.


5. 1917: Sietske van der Valk (* 1865 te Easterein) en har twadde man Eliza van der Veer (* 1869 te Grou) Eliza stjert yn 1941. Sietske buorket dan fierder mei har jongste soan Sake van der Veer. Hy bliuwt hjir oant 1959.
Se wurde opfolge, net troch ien fan de bern mar de buorkerij bliuwt yn de famylje.


6. 1959: Pieter Hiemstra troud mei Rinske Wiersma.
Se buorkje oant yn 1989 op dit bedriuw en reizgje dan ôf nei Wommels. Der is gjin opfolger dy't boer wurde wol. Hjirmei komt der in ein oan it iuwenlange buorkjen op dit bedriuw.


7. 1989: Jacob Hoekstra (Jaap) mei partner Sandra Wolf.
Sy ferbouwe de pleats. Der wurde ûnder oare inkelde apparteminten yn makke.

Colofon

Alle Frioezen.nl, Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: F. K. Reitsma

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s