Meilahuzen 5

Meilahuzen 5
©: Jetske Santema

Op Meilahuzen steane fjouwer pleatsen. Enghahûs, is de namme fan de pleats op Meilahuzen no 5. Yn de argiven fan de Provinsjale stimkohieren wurdt de pleats fermeld yn it jier 1511. De ynfloedrike famylje Tiara is mei eigener, en út de fêstlizzingen docht bliken dat der juridysk flink prosedearre is oer it besit.
De namme Eningha is fan belang foar de famylje.
Yn 1623 wurdt troch Doco van Eningha, advokaat te Ljouwert, beskreaun dat " die sate tot Oostereinde Enghuijs genaemt met sijn annexen ende die swanejacht " deze sate moet immer in het bezit van het geslacht Eninga bliven, desnoods moet de besitter maar de geslachtsnaam Eninga aannemen.


De erfenis giet nei Hector van Wissema, de soan fan syn ferstoarne suster Lisck Eninga.
Yn 1684 ferkeapet de widdo fan Kapitein Johan Eminga van Loo. De eigeners fan dizze pleats wiene sels gjin boer!
De stjelp pleats datearret fan 1890. Yn 1904 wurdt de pleats yn in iepenbiere ferkeap ferkocht.
De hierder is dan Hotzes Pieters Bonnema.
Hy hat dan romte foar 26 hoarnde bisten (kij) en de pleats is 54,3 pûnsmiet grut.
Om it jier 2000 hinne is der in nije wenning foar de pleats boud.

1. 1890: Hotze Pieters Bonnema (* 1855 te Hennaard) troud yn 1890 mei Antje Wester.
( * 1865) Hotze wie yn 1897 ien fan de oprjochters fan it suvelfabryk yn Easterein.
Se krije trije soannen

2. Pieter Bonnema (* 1891 te Lutkewierrum) troud yn 1919 mei Fettje Zwerver (* 1892 yn Warkum) Se krije trije soannen, Hotze, Wiebe en Melle.

3. Melle Bonnema (* 1930 te Easterein) troud mei Tiene Jongema (* 1937) Melle hat hjir earst buorke mei syn broer Wiebe. Doe 't Wiebe troude en de pleats fan syn skoanheit yn de Súdhoeke ûnder Wommels oernimme koe, sette Melle it bedriuw allinnich troch op Meilahuzen. Broer Hotze troude mei Beitske en is ek boer wurden op Meilahuzen op nû.7. Hij hie in beskieden komelkerij en is letter yn de Lanbou sanearing gongen. It pleatske is in rekreaasje objekt wurden.

4. Sjoerd Bonnema, soan fan Melle en Tiene nimt it bedriuw oer en buorket anno 2023 noch hieltyd op buorkerij

Colofon

Boek Easterein, Boerderijenboek Hennaarderadeel, Alle Friezen.nl

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s