Meilahuzen 1

Meilahuzen 1
©: K. Reitsma

1. Hotze Sjoukes Dijkstra (* 1794 te Grou) troud yn 1823 mei Janke Pieters Huisman (* 1796) Se krije 8 bern wêrfan 5 bern jong stoaren. Harren soan Pieter berne yn 1829 nimt it bedriuw oer. Hy is ien fan in twilling, Pieter en syn broer Sjouke binne beide boer.
Miskien buorkje se tegearre op Meilahuzen 1.
Ek is der noch in suster Marijke dy 't letter trout mei Pieter Jacobs Bonnema.

2. Pieter Hotzes Dijkstra (* 1829 yn Easterein) troud yn 1878 mei Anna Catharine Geldmacher (* 1843) Se binne beide op leeftyd as se trouwe.
Se krije in bern, Hotze dy 't letter boer wurdt.
Anna buorket nei it ferstjerren fan har man yn 1896 fierder.

3. 1913: Hotze Sjouke Dijkstra (* 1880 yn Itens) troud yn 1904 mei Sjoerdje van 't Zet (* 1878 yn Dedzjum) Yn 1913 is Hotze folslein boer.
Se krije gjin bern en de pleats wurdt ferhierd yn 1929.

4. 1929: Siebren Jacobi (* 1910 te Nyegea Sm) troud yn 1924 mei Baukje Wymenga (* 1901 te Garyp) Se hâlde yn 1962 op mei buorkjen.

5. 1962: Hijltje van 't Zet (* 1915 - 1986) troud mei Janke Koopmans (* 1918 - 1998) Hy komt fan it Skrok, syn broer buorket op Amswert. Nei syn ferstjerren yn 1986 ferkeapet syn widdo de pleats yn 1989. Soan Lolke hat gjin ambysje om boer te wurden. . It feehâlderij bedriuw wurdt beeindige. De pleats tsjinnet dêrnei primêr as wenbestimming.

6. 1989: Folkert Vellinga (* 1948) Gehuwd mei Thewiske (Thea) Wiersma

7. 2023: Jehannes Dijkstra en Engelien Reitsma keapje de pleats en sette harren dêr te wenjen. Bysûnder dat der wer in Dijkstra op de pleats wennet.

Colofon

Boek Easterein, Alle Friezen.nl.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: K. Reitsma

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s